Porcupine (Súd-Dakota)
Porcupine | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Dakota | |
County | Oglala Lakota County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.062 (2010) | |
Oerflak | 24,6 km² (ynkl. wetter) 24,6 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 43,1 / km² | |
Hichte | 973 m | |
Oar | ||
Stifting | 1890 | |
Tiidsône | UTC -7 | |
Simmertiid | UTC -6 | |
Koördinaten | 43°15′45″N 102°20′52″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Porcupine yn Shannon County en yn 'e steat Súd-Dakota. |
Porcupine ['pɔɹkjəpa:in] (Lakota: Pȟahíŋ Siŋté; útspr.: [pˣa'hĩ: sĩ'te:]) is in plak yn Oglala Lakota County (foarhinne Shannon County), yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, dat yn 1890 stifte waard. It leit binnen de grinzen fan it Pine Ridge Yndianereservaat (Pine Ridge Indian Reservation), fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe). Fierders is it de ûnoffisjele haadstêd fan 'e net-erkende Republyk Lakota. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 bedroech it ynwennertal fan Porcupine doe krapoan 1.100 minsken.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Porcupine 3,9% âlder as 65 jier en 42,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 10,1% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 28,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2000 sa: 98,3% Yndianen; 1,2% blanken; 0,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Stoarn yn Porcupine
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frank Fools Crow (1890-1989), medisynman en aktivist
- Russell Means (1939-2012), aktivist en akteur
- Begroeven yn Porcupine
- Ald Opperhaad Smook (Old Chief Smoke) (1774-1864), opperhaad fan 'e Oglala-Lakota
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |