Springe nei ynhâld

Chris Koerts

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 nov 2022 om 16.26 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Albums: kat)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Chris Koerts
sjonger en/of muzikant
Chris Koerts (1973)
Chris Koerts (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Chris Koerts
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 desimber 1947
berteplak Leien
stoarn 10 novimber 2022
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1961-2022

Chris Koerts (Leien, 10 desimber 1947 - 10 novimber 2022) wie in Nederlânsk gitarist. Hy waard bekend as de gitarist en mei oprjochter fan Earth & Fire. Koerts begûn op fjirtjinjierrige leeftiid mei syn twillingbroer Gerard in duo mei de namme The Singing Twins. Mei ferskate musisy en fia The Swinging Strings en Opus Gainfull evoluearre it selskip úteinlik ta Earth & Fire. Seasons, de earste hit, wie skreaun troch George Kooymans fan de Golden Earring. Dêrnei waarden de bruorren sels de driuwende krêft efter de groep, se skreaunen alle nûmers, wêrûnder Weekend. Yn 1979 ferliet Chris Koerts Earth & Fire om Musikology te studearjen. Mei broer Gerard en Marcel van der Lans naam er yn 1988 yn de studio van, van der Lans de ML sound recording Studio yn De Haach it album Frames op. Dizze waard ûnder de namme Earth and Fire Orchestra útbrocht, lykas it album Escape út 1995.

Chris Koerts ferstoar op 10 novimber 2022, yn 'e aldens fan 74 jier.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Earth & Fire septimber 1970 Earth & Fire Seasons,
Ruby is the one,
Wild and exciting
Song of the marching children novimber 1971 Storm and Thunder
Atlantis maart 1973 Maybe tomorrow, maybe tonight
To the world of the future simmer 1975 Love of life,
Only time will tell
Gate to Infinity novimber 1977 78th Avenue
Reality Fills Fantasy 1979 Weekend,
Fire of Love
Frames 1988 Earth and Fire Orchestra
Escape 1995