Salford (Grut-Manchester)
Salford | ||
Bestjoer | ||
Lân | Grut-Brittanje | |
Lânsdiel | Ingelân | |
Regio | Noardwest-Ingelân | |
Greefskip | Grut-Manchester | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 72.750 (2001) | |
Oerflak | 21 km² | |
Befolkingsticht. | 3.468 / km² | |
Hichte | 54 m | |
Oar | ||
Stifting | prehistoarje | |
Tiidsône | UTC 0 | |
Simmertiid | UTC+1 | |
Koördinaten | 53°28′59″N 2°17′35″W | |
Offisjele webside | ||
www.salford.gov.uk | ||
Kaart | ||
Lizzing yn Grut-Manchester en yn Ingelân.
|
Salford is in Britske stêd yn noardwestlik Ingelân, dy't it sintrum foarmet fan 'e gemeente Salford, hoewol't it gemeentebestjoer syn sit hat te Swinton. Salford heart tsjintwurdich it ta it greefskip Grut-Manchester, hoewol't it histoarysk sjoen in ûnderdiel fan Lancashire wie. It leit yn in meänder fan 'e rivier de Irwell, dy't yn it easten de grins foarmet mei de gemeente Manchester. De ta Salford hearrende wiken Broughton en Kersal lizze oare kant de rivier. Salford waard yn 1926 as stêd erkend, en hie yn 2001 hast 73.000 ynwenners.
De skiednis fan Salford giet werom oant de prehistoarje. Oant de Yndustriële Revolúsje wie Salford in grutter en wichtiger plak as Manchester, mar sûnt de midden fan 'e achttjinde iuw wiene dy rollen omdraaid en hjoed de dei falt Salford suver yn it neat njonken syn reuseftige buorstêd oare kant de rivier. Yn de achttjinde en njoggentjinde iuw ûntjoech Salford him ta in yndustryplak dat bekendstie om katoen- en sidespinnerijen en -weverijen mei in sterke ekonomyske basis. Yn de tweintichste iuw rekke de yndustry lykwols yn it neigean, en ûntwikkele Salford him ta in sintrum fan heger ûnderwiis, mei û.m. de Universiteit fan Salford en wrâlds earste biblioteek dy't foar elkenien folslein fergees is. Yn 'e MediaCityUK binne sûnt 2011 de telefyzjestjoerders CBBC en BBC Sport fêstige. De binnenstêd fan Salford is in griemmank fan sanearre kwaliteitsbuerten en gewelddiedige efterstânswiken.
Berne yn Salford
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ewan MacColl, folks- en protestsjonger
- James Prescott Joule, wittenskipper
- Walter Greenwood, skriuwer
- Shelagh Delaney, toanielskriuwster
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|