Aagje Deken
Agatha (Aagje) Deken (Nieuwer-Amstel, 1741 - Den Haach, 14 novimber 1804) wie in Nederlânsk skriuwster.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Agatha Deken waard berne yn 1741 yn Nes oan de Amstel, gemeente Nieuwer-Amstel (no Amstelveen). Yn 1745 rekken har âlden wei en waard sy ûnderbrocht yn it kollegianten-weeshûs 'De Oranje Appel' oan de Huidenstraat 2 yn Amsterdam. Dêr bleau hja oant 1767. Op lettere âldens skreau se yn har "geschrift eener bejaarde vrouw" dêroer: "De meisjes hebben het daer voor hunnen stand in de waereld al te wel: men leert haer daer denken!". Nei't se út it weeshûs wei wie hie hja ferskate tsjinstbetrekkingen. Letter hie se in kofje- en teehanneltsje. Yn 1769 waard Aagje Deken lid fan de Doperske Gemeente yn Amsterdam.
Doe't Aagje Deken 29 wie, gie se by har freondinne Maria Bosch yn as sikefersoarchster. Maria Bosch ferstoar yn 1773. Yn 1775 ferskynde de bondel 'Stichtelijke fersen', dy't Deken yn 'e mande mei Maria Bosch skreaun hie.
Yn 1776 begûn de briefwiksel tusken Aagje Deken en Betje Wolff, dy't doe al in pear wurken op har namme brocht hie. Yn oktober fan datselde jier moeten se inoar foar it earst. Nei't yn 1777 Betjes man, dûmny Wolff, stoar, luts Deken by Wolff yn. Yn septimber 1777 hierden se tegearre in hûske yn De Ryp, en publisearren hja harren earste mienskiplike wurk: Brieven. Yn 1781 urf Deken goed 13.000 gûne en de twa ferhuzen nei yn it bûten Lommerlust yn Beverwyk. Se hawwe tegearre noch de Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart, dat in grut sukses waard, en de Historie van den heer Willem Leevend skreaun.
Ut ûnfrede mei de situaasje yn eigen lân (nei it delslaan fan de opstân fan de patriotten yn 1787) ferhuzen Wolff en Deken yn 1788 nei Trévoux yn Boergonje. Yn 1789 ferskynde 'Wandelingen door Bourgogne'. Tusken 1793 en 1796 skreaune se oan de Historie van Mejuffrouw Cornelia Wildschut, of De gevolgen van de opvoeding, in roman yn 6 dielen.
Om reden fan jildkrapte moasten se yn 1797 weromgean nei Hollân, dêr't hja harren yn Den Haach nei wenjen setten. Aagje Deken stoar dêr op it lêst, op 14 novimber 1804, njoggen dagen nei Betje Wolff. Beide waarden beïerdige op it hôf Ter Navolging yn Skeveningen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1775 - Stichtelijke gedichten (tegearre mei Maria Bosch)
- 1781 - Economische liedjes (mei Betje Wolff)
- 1782 - De Historie van mejuffrouw Sara Burgerhart (mei Betje Wolff)
- 1783 - Voorrede voor den tweeden druk (mei Betje Wolff)
- 1784-1785 - Historie van den heer Willem Leevend (mei Betje Wolff) (acht dielen)
- 1793-1796 - Historie van mejuffrouw Cornelia Wildschut (mei Betje Wolff) (seis dielen)
- 1799 - Mijn offerande aan het vaderland
- 1804 - Liederen voor den boerenstand
- 1805 - Liederen voor ouders en kinderen
Sekundêre literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- W. van den Berg, Sara Burgerhart en haar derde stem Yn: Dokumintaasjeblêd Wurkgroep Achttjinde Ieu 51-52 (1981), s. 151-207
- P.J. Buijnsters Sara Burgerhart en de ontwikkeling van de Nederlandse roman in de 18e eeuw (1971) (inaugurele rede)
- P.J. Buijnsters, Bibliografie der geschriften van en over Betje Wolff en Aagje Deken (1979)
- P.J. Buijnsters, Wolff en Deken. Een biografie (1984)
- P.J. Buijnsters, Auto-reflectie op een Wolff en Deken-bibliografie Yn: Dokumentaal Fol. 16 (1987), sdn. 78-82.
- P.J. Buijnsters e.a., Het Schrijversprentenboek Betje Wolff en Aagje Deken (1979)
- H.C.M. Ghijssen, Dapper Vrouwenleven. Karakter- en levensbeeld van Betje Wolff en Aagje Deken (1954)
- J.J. Kloek en P.J. Buijnsters Het grote en het kleine geld: honoraria van Wolff en Deken Yn: De nieuwe taalgids Vol. 83 (1990), s. s. 61-62
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aagje Deken yn de DBNL
- Biografysk portaal fan Nederlân
- [https://www.dbnl.org/tekst/berg018sara01_01/index.php 'Sara Burgerhart en haar derde stem'(1981), Willem van den Berg