Springe nei ynhâld

Politike streaming

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 okt 2022 om 22.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Ieneach fan 'e Esk hat de side Ideology omneamd ta Politike streaming fan de trochferwizing: Pol. str. bestiet al as kategory en der sit withoefolle yn. Dus út it eachpunt fan praktikaliteit woe ik dat mar sa litte. Dan moat dit artikeltsje even omneamd.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Under politike streaming of ideology (fan it Frânske ideologie) wurdt ferstien alle ideeën oer de minsk, harren minsklike relaasjes en de ynrjochting fan de maatskippij. It begryp is betocht troch de Frânske ferljochtingsfilosoof Antoine Destutt de Tracy, dy't der de wittenskip fan ideeën mei bedoelde.

Ideologyen kinne in hiele wide betsjutting hawwe, mar ek spesifyk rjochte op in bepaald aspekt fan de maatskippij, bygelyks de polityk (ymperialisme of globalisme) of it ekonomysk stelsel (it kapitalisme).

Ien dy't as de grûnlizzer fan in ideology fungearret wurdt in ideolooch neamd.