Henry Potez
Henry Potez | ||
Henry Potez (1962) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Henry Charles Alexandre Potez | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 30 septimber 1891 | |
berteplak | Méaulte | |
stoarn | 9 novimber 1981 | |
stjerplak | Parys | |
wurkpaad | ||
aktyf as | Fleantúchbouwer |
Henry Charles Alexandre Potez (Méaulte, 30 septimber 1891 – Parys, 9 novimber 1981) wie in Frânsk fleanmasinefabrikant .
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Potez studearre oan de Frânske loftfeartskoalle Supaéro. Tegearre mei Marcel Dassault wie er de útfiner fan de Potez-Bloch propeller dy't nei 1917 op de measte Alliearde fleanmasines yn de Earste Wrâldkriich tapast waard.
Yn 1919 stifte er syn eigen bedriuw Aviations Potez dat tusken beide wrâldkrigen yn in protte fleamasines en wetterfleanmasines boude, dy't doetiids by de meast moderne yn de wrâld hearden. Hy kocht it bedriuw fan Alessandro Anzani (Itaalje) yn 1923. In protte Potez-fleantugen waarden in ynternasjonaal súkses dêr't wrâldrekords mei makke waarden; masines lykas de Potez 25, 39, 54, ,62, 63.
Yn de jierren '20 gienen 7.000 masines it fabryk út. Fjirtich prototypes waarden dêr ûntwurpen en goed tweintich dêrfan gienen yn produksje - dêrmei pykte it bedriuw dêrút yn dy tiid.
Fanwege harren strategysk belang waarden syn fabriken 1936 nasjonalisearre troch it Frânske Front populaire-regear. It waard part fan de SNCAN (Société Nationale de Construction Aéronautique du Nord), mar Potez bleau direkteur.
Nei Wrâldkriich II ûntwurp it Potezfabryk de Magister, in twasits, twamotorich treningsfleanmasine dy't bot súkses hie. Yn 1952 kaam it tastel op de merk mei de namme Fouga Magister en waard brûkt troch tal fan loftmachten.