Ulefûgels
Appearance
De ûlefûgels (Strigidae) foarmje ien fan de twa famyljes yn it skift fan de ûle-eftigen. De oare famylje is dy fan de goudûlefûgels.
Ulefûgels hawwe in knobsk lichem, mei in grutte kop mei in koarte haaksnaffel en mei eagen dy't nei foaren sjogge. Ulefûgels komme foar yn hast alle omstannichheden, en mei de skerpe eagen en earen en de stadige, stille flecht binne it typyske nachtjagers. De flecht is lykwols net hielendal lûdleas, om't oars as by goudûlefûgels de wjukken fan ûlefûgels elkoar reitsje by it fleanen.
De famylje hat 23 skaaien. It tal soarten yn dizze famylje is sa'n 230.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skift: ûle-eftigen (Strigiformes)
- Famylje: ûlefûgels (Strigidae)
- Skaai: haukûlen (Uroglaux), 1 soarte
- Skaai: falk-ûlen (Ninox), 37 soarten
- Skaai: laakûlen (Sceloglaux)†, 1 soarte, tsjinwurdich yn Ninox
- Skaai: haukûlen (Margarobyas), 1 soarte
- Skaai: kraachdwerchûlen (Taenioptynx), 2 soarten
- Skaai: elfûlen (Micrathene), 1 soarte
- Skaai: langsnorûlen (Xenoglaux), 1 soarte
- Skaai: seage-ûlen (Aegolius), 5 soarten
- Skaai: stienûlen (Athene), 9 soarten
- Skaai: sparwerûlen (Surnia), 1 soarte
- Skaai: dwerchûlen (Glaucidium), 29 soarten
- Skaai: lytse earûlen (Otus), 59 soarten
- Skaai: wytwangûlen (Ptilopsis), 2 soarten
- Skaai: earûlen (Asio), 9 soarten
- Skaai: moanne-ûlen (Jubula), 1 soarte
- Skaai: oehoes (Bubo), 19 soarten
- Skaai: Afrikaanske fiskûlen (Scotopelia), 3 soarten
- Skaai: Aziatyske fiskûlen (Ketupa), 3 soarten
- Skaai: ponderosa-ûlen (Psiloscops), 1 soarte
- Skaai: Puertorico-ûlen (Gymnasio), 1 soarte
- Skaai: krytûlen (Megascops), 23 soarten
- Skaai: brilûlen (Pulsatrix), 3 soarten
- Skaai: toefûlen (Lophostrix), 1 soarte
- Skaai: wâldûlen (Strix), 22 soarten
- Famylje: ûlefûgels (Strigidae)