Springe nei ynhâld

Dwerchûlen

Ut Wikipedy
Dwerchûlen
Glaucidium passerinum
Glaucidium passerinum
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:ûle-eftigen (Strigiformes)
famylje:ûlefûgels (Strigidae)
skaaidwerchûlen
Boie, 1826

Dwerchûlen (Glaucidium) binne in skaai yn 'e famylje fan 'e ûlefûgels. Der binne 29 soarten dwerchûlen (IOC World Bird List).

Dwerchûlen binne lytse ûlen en faak net folle grutter as in mosk of in lyster. Se ha in rûne kop sûnder earfearren, giele eagen en in koarte, krêftige snaffel. In opfallend skaaimerk by in soad soarten binne de twa donkere plakken efterop de kop, dy't op eagen lykje en wêrfan't tocht wurd dat se de funksje ha om rôfdieren te mislieden.

Oars as by in protte oare ûlen binne guon soarten fan it skaai ek oerdeis of by it skimerjen aktyf.

De soarten fan it skaai komme yn Europa,Aazje,Afrika en de Amearika's foar. Se libje fral yn boskrike gebieten, wêrby't se faak nêstelje yn âlde holtes fan spjochten.

Se jeie op in breed skala oan proaien, fan grutte ynsekten oant lytse sûchdieren. Ek hagedissen en oare fûgels steane op it menu, dy't somtiden sels grutter binne as harsels.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dwerchûlen fan Wikimedia Commons.