Springe nei ynhâld

Bas Paauwe

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 sep 2022 om 17.02 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (+ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Bastiaan Jacob Paauwe
Huldiging Bas Paauwe, 11 maaie 1947
Huldiging Bas Paauwe, 11 maaie 1947
persoanlike bysûnderheden
namme Bastiaan Jacob Paauwe
bertedatum 4 oktober 1911
berteplak Rotterdam
stjerdatum 27 febrewaris 1989
stjerplak Hoogvliet
klupskiednis
posysje Middenfjilder
jeugdteams
Feyenoord
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1929-1947 Feyenoord 311 (18)
nasjonaal team
1932-1946 Nederlân 31 (1)
trainer by
1947–1953
1953–1955
1955–1958
1958–1960
1960–1962
1962–1964
1964–1968
1968–1969
1969–1971
1972–1973
Maurits
WVC
HVC
Ede
Enschedese Boys
HVC
Wageningen
VVV
SC It Hearrenfean
HVC

Bastiaan Jacob (Bas) Paauwe (Rotterdam, 4 oktober 1911 - Hoogvliet, 27 febrewaris 1989) wie in Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrainer. Hy spile it meast as middenfjilder.

Karriêre as spiler

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Paauwe hat tusken 1929 en 1946 fuotballe by Feyenoord. Hy wie ien fan de tolve spilers dy’t op 27 maart 1937 mei in freonskiplike wedstryd tsjin it Belgyske Beerschot it nije stadion De Kuip iepenen. Der wienen 37.825 minsken by de wedstriid, Feyenoord wûn mei 5-2.

De middenfjilder spile 311 kompetysjewedstriden foar Feyenoord, hy sette dêryn 18 doelpunten. Ek kaam hy foar it Nederlânsk alvetal út, yn totaal 31 kear. Syn debút makke hy op 20 maart 1932 tsjin Belgje, it waard 1-4 foar Nederlân.

Earelist as spiler

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
KNFB Beker
1930, 1935
Lânskampioen
1936, 19

Karriêre as trainer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As trainer hat Paauwe by in grut tal fuotbalklups oan it wurk west. Hy arbeide by Maurits, HVC, Wageningen, WVC, Enschedese Boys, Ede en VVV.

Fan 1969 oant 1971 wie hy de trainer fan SK It Hearrenfean. Hjir waard hy ek wol ‘vadertje Paauwe’ neamd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]