Hollandsche Teekenmaatschappij
De Hollandsche Teekenmaatschappij wie in yn De Haach fêstige ynternasjonale feriening dy't it útstallen fan akwarellen befoarderje woe.
Skiednis en leden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1855 waard yn Brussel de Société Belge des Aquarellistes oprjochte. Ien fan de oprjochters wie Willem Roelofs. It genoatskip organisearre tentoanstellingen fan Belgyske akwarellisten. Ek keunstners fan de Haachske Skoalle waarden yn de rin fan de tiid op dy tentoanstellings útnûge. Fanwege de gearwurking waard op 31 jannewaris 1876 de Hollandsche Teekenmaatschappij mei út ein set. Akwarellen doetiids tekeningen neamd. De feriening woe it akwarellearwurk fan de leden troch útstallings bekend meitsje. Oprjochters wiene: Bernardus Johannes Blommers, Johannes Bosboom, Jozef Israëls, Jacob Maris, Willem Maris, Anton Mauve, Hendrik Willem Mesdag, Philip Sadée en Johannes Stortenbeker. De feriening hie ynternasjonaal súkses. Honorêre leden yn it bûtelân wiene: Paul Jean Clays, Paul Joseph Constantin Gabriël, Charles Hermans, Edouard Huberti, Jean Baptiste Madou, Charles Rochussen en Lawrence Alma-Tadema. Ek de Dútske skilder Max Liebermann, Hubert von Herkomer út Londen, Mosè Bianchi út Milaan en Vincenzo Cabianca út Rome wiene lid. Nederlânske leden wiene ûnder oaren: David Artz, Albert Neuhuys, Elchanon Verveer, Sientje van Houten, Suze Robertson en Willem Bastiaan Tholen.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Haagse School, Utjouwerij Pieter A. Scheen bv
- Het Haagse School boek, Waanders Utjouwers, Swol, ISBN 90-400-9540-X
- Walenberg, Nanne. De Hollandsche Teekenmaatschappij: Een aquarel aan de muur masterskripsje, Universiteit Utert, 2011
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|