Springe nei ynhâld

Ostasjkov

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 aug 2022 om 22.53 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (Skiednis: Moskouske)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ostasjkov
Streekmuseum fan Ostasjkov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Tver
Rajon Ostasjkov
Sifers
Ynwennertal 15.187 (2021)
Hichte 210 m sintrum
Oar
Stifting 1371 (earste fermelding)
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 57° 09' N 33° 06' E
Webside ostashkovadm.ru

Ostasjkov (Russysk: Осташков) is in stêd yn de Russyske oblast Tver. Ostasjkov leit 199 kilometer westlik fan Tver, net fier dan 'e grins mei de oblast Novgorod, op in skiereilân oan de Seligermar. It is it haadplak fan it rajon mei deselde namme.

It plak is bekend sûnt de 14e iuw. Yn in brief út 1371 fan Algirdas oan de patriarch fan Konstantinopel wurdt skreaun oer in eilân mei de namme 'Klitsjen' en in grinsstedsje fan Moskoovje mei deselde namme oan de Seligermar. Nei't it eilân yn 1393 plondere waard troch piraten út Novgorod namen twa oerlibbers, Ostasjko en Timofej, it beslút om nei it fêstelân te gean en dêr doarpen te stiftjen. Dat waarden Ostasjkovo en Timofejevo. It earste plak hearde by it Moskouske patriarchaat en it oare by it Volokolamsker Joazef-kleaster.

Yn 1770 waarden de twa plakken gearfoege ûnder de namme Ostasjkov, dat doe ek de status fan stêd krige. Ostasjkov hearde fan 1772 oant 1775 ta it gûvernemint Novgorod en sûnt 1776 ta it gûvernemint Tver. Nei de oktoberrevolúsje waard de stêd yn 1929 yndield by de Westlike oblast en dêrnei by de oblast Kalinin, dat yn 1990 de namme Tver krige.

Yn de jierren 1930 stifte de NKVD op meardere plakken yn ûnteigene kleasters by Ostasjkov kampen om tsjinstanners fan it rezjym yn finzen te setten. Yn 'e hjerst fan 1939 waarden yn it kamp Ostasjkov yn it Nilov-kleaster mear as 7.000 Poalen finzen set, dy't nei de oermastering fan East-Poalen troch it Reade Leger as kriichsfinzenen oppakt wiene. Likernôch 6.300 fan harren, fral plysjes en justysje-amtners, waarden tusken april en midden maaie 1940 mei it spoar nei Kalinin deportearre en dêr troch de NKVD deasketten. De massagrêven kamen foar it earst yn 1990 oan it ljocht. It fermoardzjen fan finzenen fan it kamp Ostasjkov fûn tagelyk en ûnder deselde omstannichheden plak as de moardnerij fan Katyn.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd net beset troch de Dútsers, mar it front wie net fier fuort. Foarrieden waarden oer de mar nei de stêd brocht en de skippen hiene dêrby regelmjittich te lijen fan bombardeminten troch de Luftwaffe. Tichteby de stêd wie ek it Kriichsfinzenenkamp 41 foar Dútske kriichsfinzenen út de Twadde Wrâldkriich. Yn oktober 1947 waard it kamp oan it kriichsfinzenenkamp 384 fan it doetiidske Kalinin (tsjintwurdich Tver) tawiisd. Op in tsjerkhôf binne de grêven fan likernôch 1800 kriichsfinzenen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ostasjkov is ien fan de moaiste Russyske provinsjestêden mei noch in relatyf grut tal âlde gebouwen, fral yn neoklassisistyske styl. Ek de lokaasje oan de Seligermar makke fan de stêd in belangryk toeristeplak.

Himelfeartkatedraal fan it kleaster fan it Teken

It besjen wurdich binne de Opstanningskatedraal (Воскресенский собор; Voskresenski sobor) fan 1689, de Trijefaldichheidskatedraal (Троицкий собор; Troitski sobor) fan 1697, it Kleaster fan de Mem Gods fan it Teken (Знаменский монастырь/Znamenski monastyr) fan 1673 mei de Himelfeartkatedraal (Вознесенский собор; Voznesenski sobor) fan 1730-1748 en it Zjitenny-kleaster (Житенный монастырь; Zjitenny monastyr) fan 1716 mei de Smolensk katedraal (Смоленский собор; Smolenski sobor) op it eilân Klitjen fan 1737-1743 en it riedshûs fan 1720.

Likernôch 10 kilometer noardlik fan de sted (himelsbreed) leit yn de Seligermar op it Stolobny-eilân it ferneamde Nilov-kleaster.

Sûnt 1889 hat Ostasjkov in streekmuseum.