Bob Seger
Robert Clark "Bob" Seger (Dearborn, Michigan, 6 maaie 1945) is in Amerikaanske rocksjonger en songwriter. Yn 2004 is hy opnomd yn de Rock and Roll Hall of Fame.
Hy is aktyf yn de muzykwrâld sûnt 1961. Seger waard ûnder oare beynfloede troch James Brown, Little Richard en Elvis Presley, om harren rezende stimmen.
Seger spile sûnt 1975/1976 hast altiten mei The Silver Bullet Band as begeliedingsband. Hy produsearre achttjin albums, wêrfan twa live-edysjes. Dêrneist brocht hy twa kompilaasjealbums út yn 1994 en 2003. Syn bêst ferkochte studioalbum is Against The Wind, dat op nûmer ien kaam yn de Billboard Album Top 200 en waard beleanne mei twa Grammy's. Oan de single Fire Lake fan dat album wurken Glenn Frey, Don Henley en Timothy Schmit fan The Eagles mei. Oare nûmers fan Seger dy't noch faak draaid wurde op de radio, binne Still The Same, Main Street, Night Moves, We've Got Tonight en Old Time Rock And Roll.
Seger hat sân kear de top tsien fan de Billboard Hot 100 berikt, wêrfan ien kear de nûmer ien-posysje mei de single Shakedown, dy't yn 1987 ek nûmer ien wie yn Kanada.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Seger waard berne yn it Henry Ford sikehûs yn Dearborn. Hy wenne dêr mei syn famylje oant syn seisde libbensjier. Fan syn seisde oant syn tsiende wenne de húshâlding yn Ann Arbor (Michigan), eardat Bob syn heit ferhúzje soe nei California.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Bob Seger System en solokarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1968 tekene Seger in kontrakt by Capitol Records en foarme The Bob Seger System. It moast in protopunkband wurde. Harren earste single wie "2+2=?", in boadskip tsjin de oarloch. It liet waard in regionale hit yn Detroit, mar foel net op foar de rest fan de wrâld. Harren twadde single waard Ramblin' Gamblin' Man, dat wer in regionale hit waard, mar diskear ek de earste single fan Seger wie dy't yn de hitlisten binnenkaam, mei as heechste plak 17. Troch it súkses koe in (lykneamd) album útbrocht wurde yn 1969. Dat album bestoarme de Billboard 200 mei plak 62 as heechste notearring. Harren twadde album helle de hitlist net en Seger besleat om te stopjen en fierder te studearjen. Seger kaam yn 1970 ienkear werom mei The Bob Seger System mei harren lêste album Mongrel. Yn 1971 brocht Seger syn earste soloalbum út, it akûstyske Brand New Morning yn ferbân mei syn kontrakt by Capitol Records. Seger bleau oant 1975 solo aktyf, mar kaam mei syn singles net heger yn Amearika as plak 43. Ien fan de fjouwer singles dy't yn de Billboard Hot 100 kaam. Hjirneist brocht hy fiif singles út dy't de betreffende hitlist net berikten. Seger brocht elk jier in album út, wat it oantal albums út syn solokarriêre op fiif brocht.
The Silver Bullet Band
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei The Silver Bullet Band, dy't oprjochte is yn 1974, hie Seger syn grutste súksessen. De band bestie oan it begjin út:
- Drew Abbott (gitarist)
- Charlie Allen Martin (drummer en twadde stim)
- Rick Mannassa (toetsenist)
- Chris Campbell (basgitarist)
- Alto Reed (saksofonist)
Nei twa goedferkochte albums yn 1975 en 1976, folge Seger syn lanlike trochbraakpas yn 1976 mei syn tredde album yn gearwurking mei The Silver Bullet Band, Night Moves neamd. De single mei dy namme rikte oan it fjirde plak yn de Amerikaanske hitlist, en dêrneist rikte in oare single oant it 24e plak, Mainstreet neamd. Troch it súkses fan dy singles kaam it album Night Moves yn de top tsien fan de Amerikaanske albumlist en waarden syn twa eardere albums út 1975 en 1976 ek goed ferkocht. Yn 1978 naam hy it album Stranger In Town op, mei Still The Same (nr.4 yn de Feriene Steaten), We've Got Tonight (orizjineel skreaun as We've Got Tonite) (nr.13 yn de Feriene Steaten) en Old Time Rock And Roll, hoewol't dy destiids minder ûntfongen waard by de fans. We've Got Tonight waard letter faak covere, troch ûnder oare Kenny Rogers mei Sheena Easton en Ronan Keating.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ultimate hits - Rock and roll never forgets (2012)
- Face the Promise (2006)
- Greatest Hits 2 (2003)
- It's a Mystery (1995)
- Greatest Hits (1994)
- The Fire Inside (1991)
- Like a Rock (1986)
- The Distance (1982)
- Nine Tonight (1981)
- Against the Wind (1980)
- Stranger in Town (1978)
- Night Moves (1976)
- Live Bullet (1976)
- Beautiful Loser (1975)
- Seven (1974)
- Back in '72 (1973)
- Smokin' O.P.'S (1972)
- Brand New Morning (1971)
- Mongrel (1970)
- Noah (1969)
- Ramblin' Gamblin' Man (1969)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|