Springe nei ynhâld

Pljos

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 jul 2022 om 09.21 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pljos
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Ivanovo
Sifers
Ynwennertal 1.734 (2021)
Oerflak 5 km²
Befolkingstichtens 346,8 ynw./km²
Hichte 54 m (sintrum)
Oar
Stifting 1410 Stêd sûnt 1925
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 57° 27' N 41° 30' E
Webside Side fan de stêd

Pljos (Russysk: Плёс) is in stêd yn it russyske oblast Ivanovo. De stêd leit oan de rjochter kant fan de Wolga, likernôch 70 kilometer noardeastlik fan Ivanovo.

Houten hûs yn Pljos

Pljos wie yn fan de Wolgastêden dy't yn 1237 troch de troepen fan Batû Khan ferneatige waarden.

As offisjele stiftingsdatum jildt it jiertal 1410. Doe waard grutfoarst Vasili I, de soan fan Dmitri Donskoj, troch de Wolga-Tataren fan emir Edigü efternei sitten. Om Kostroma en Moskou feilich te stellen joech er opdracht om op it plak gaueftich in fêsting te bouwen.

Yn de 17e en 18e iuw makke Pljos opgong troch de hannel yn linnen en oare stoffen. Pljos krige yn 1778 stedsrjochten.

Yn de jierren 1870 wiene der plannen om it spoar fan Moskou oer Ivanovo troch te lûken oant de haven fan Pljos. Lang om let waard lykwols besletten om it spoar nei Kinesjma om te bûgen. Dêrfoaroer ûntwikkele Pljos him simmerdeis yn it lêste fearn fan de 19e iuw ta in populêre plak foar minsken dy't it goed dwaan koene, fral foar rike lju út Moskou. Fanwegen it lytse ynwennertal en it ferlies fan in sintrumfunksje wie Pljos yn dy tiid offisjeel in doarp, mar yn 1925 krige Pljos dochs wer stedsrjochten.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Demografyske ûntwikkeling fan Pljos fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018
befolking 2.164 3.559 4.027 4.663 4.147 4.053 2.790 2.340 1.796

Ferneamde persoanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Isaak Levitan (1860–1900), skilder; libbe en wurke yn Pljos fan 1888 oant 1889.

Njonken Levitan wurken dêr ek ferneamde skilders lykas Fjodor Vasiljev, Aleksej Savrasov, Boris Prorokov en Nikolai Zjûkov.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Isaak Levitan-Museum

Pljos is in skildereftich stedsje oan de Wolga. De stêd heart ta de Gouden Ring fan Ruslân en falt hielendal ûnder monumintesoarch. In soad stiennen hûzen út de 18e en de 19e iuw binne bewarre bleaun.

De stêd besit in Museum fan de Stedskiednis en it Isaak Levitan-Museum.

Simmerdeis wurde yn de stêd in soad muzyk- en teäterfoarstellings organisearre.

  • Himelfeartkatedraal (1699);
  • Tsjerke fan de Opstanning fan Kristus (1817);
  • Trije-ienheidstsjerke (1808)
  • Marije-Presintaasjetsjerke (1828)
  • Barbaratsjerke (1821);
  • Transfiguraasje tsjerke (1840);
  • Petrus- en Paulustsjerke (1845; yn de Sovjet-tiid waarden de koepel en de klokketoer fernield)
  • de houten Opstanningstsjerke (1699; oarspronklik ôfkomstich út it doarp Biljûkovo, Iljinski Distrikt, Oblast Ivanovo; ferhûze yn 1982 nei Pljos);
  • de houten Aartsingel Michaelskapel (1825; oarspronklik ôfkomstich út it doarp Antonovo, Wolga-regio, Oblast Ivanovo; sûnt 2018 wer yn gebrûk as tsjerke).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Pljos