Radio Ga Ga
Radio Ga Ga | ||
Radio Ga Ga, Barbados, Vinyl | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | I Go Crazy | |
artyst | Queen | |
album | The Works | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 16 jannewaris 1984 | |
opnommen | The Record Plant 1983 | |
doer | 5:48 | |
label | EMI | |
skriuwer | Roger Taylor | |
produsint | Queen en Reinhold Mack | |
fideoclip | ||
Queen - Radio Ga Ga (Official Video) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 1, Single top 100 - 2 Ultratop 50 - 1 | |
sertifisearre | Itaalje Platina, Grut-Brittanje platina, Feriene Steaten platina |
Radio Ga Ga is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1983 en útbrocht op it album The Works fan Queen út 1984. Radio Ga Ga wie it earste nûmer op it album en waard op 16 jannewaris 1984 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Radio Ga Ga waard skreaun troch Roger Taylor, en wie in reaksje op'e telefyzje, dy't de populariteit fan 'e radio ynhelle. It gie ek yn op de opkomst fan de fideoclip en MTV, dat doe konkurrearre mei de radio as in wichtich medium foar it promoatsjen fan muzyk.
Oer de fideoclip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fideoclip waard yninoar set troch David Mallet en befettet sênes út Fritz Lang's 1927 Dútske ekspressionistyske Science fictionfilm Metropolis en waard filme yn de Carlton TV Studios en Shepperton Studios, Londen, tusken ein novimber 1983 en jannewaris 1984. It late ta in werútjefte fan de film yn 1984 mei in rock-soundtrack. Yn de fideoklip reizget de band sjongend troch Metropolis yn in stilearre werskepping fan de ûndergrûnske masinekeamers, mei Britske boargers dy't gasmaskers oanlûke en yn harren huzen skûlje, en fan sa'n famylje dy 't de tiid trochbringt mei it harkjen nei de radio.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas
- Roger Taylor – Drums