Wetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 1904
De Olympyske Simmerspullen 1904, ek wol de IIIe Olympiade neamd waarden yn 1904 yn St. Louis, de Feriene Steaten hâlden. It wetterpolo kompetysje hie plak yn in marke yn it Forest Park.
De kompetysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de kompetysje diene alline klubteams út de Feriene Steaten mei. Yn dy tiid waard yn de Feriene Steaten wetterpolo spile mei eigen, Amerikaanske spulrigels. Alle Europeeske lannen wegeren derom mei te dwaan en boppedat fûnen se de kwaliteit fan it wetter ûnfoldwaande: It waard beskreaun as in smoarge, stjonkende dobbe. De Feriene Steaten begûnen pas fanôf 1912 te spyljen neffens de ynternasjonale spulrigels.
Letter waard dizzekompetysje troch it YOK net mear as Olympysk werkind en is de boeken yn gongen as demonstraasjesport.
Olympyske Simmerspullen 1904 | |||
---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Keunstdûken | Lacrosse | Roeien | Roque | Skermjen | Swimmen | Tennis | Toulûken | Wetterpolo | Wrakseljen |