Bombay (liet fan Golden Earring)
Appearance
Bombay (liet fan Golden Earring) | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Faded Jeans | |
artyst | Golden Earring | |
album | Contraband | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 26 novimber 1976 | |
opnommen | 1975 | |
doer | 3:53 | |
label | Polydor | |
skriuwer | George Kooymans, Barry Hay | |
produsint | Golden Earring | |
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 7, Ultratop 50 - 11 |
Bombay is in nûmer dat oarspronklik yn 1975 opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Contraband. Bombay wie it earste nûmer op it album en waard op 26 novimber 1976 útbrocht as iennichste single fan it album.
Oer it nûmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bombay giet oer in man dy 't út Los Angeles fuortgiet en yn Bombay in nij libben opbout sûnder in spoar efter te litten. Sawol de muzyk as de tekst fan 'Bombay' hawwe Aziatyske ynfloeden. Bekend is de yntro, dy 't bestiet út in drumsolo fan Cesar Zuiderwijk. Patricia Paay is as eftergrûnsjongeres te hearren.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Barry Hay - Sang
- George Kooymans - Gitaar & Sang
- Eelco Gelling - gitaar
- Rinus Gerritsen - Bas & Toetsen
- Cesar Zuiderwijk - Drums
Gastmuzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Patricia Paay - Sang