Springe nei ynhâld

Pisa

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 apr 2022 om 15.22 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Drewes hat de side Pisa omneamd ta Pisa (stêd): Der binne mear Pisas)
Pisa
It Fjild fan de Wûnders
It Fjild fan de Wûnders
Emblemen
Bestjoer
Lân Itaalje
regio Toskane
provinsje Pisa
Sifers
Ynwennertal 90.118 (31.12.2017)
Oerflak 185 km²
Befolkingsticht. 487 / km²
Offisjele webside
Side Pisa

Pisa is in stêd oan de rivier de Arno yn de Italjaanske regio Toskane. De stêd is it bestjoerssintrum fan de provinsje mei deselde namme en telde yn 2017 goed 90.000 ynwenners.

Skiednis

18e-iuwske plattegrûn fan de stêd

Yn de midsiuwen ûntwikkele de stêd him ta ien fan de fjouwer machtige Italjaanske republiken oan de Middellânske See. Wylst oare plakken slim te lijen hiene fan de oerfallen fan de Sarasenen wist Pisa in float op te bouwen.

De stêd spile in grutte rol by de bedrijing fan Sardynje (1015-1016) en de ferdriuwing fan de Sarasenen fan de Liparyske Eilannen (1030-1035). Yn 1063 wisten de Pisanen ek Sisylje werom te feroveren op de moslims. Yn deselde snuorje begûn de stêd mei de bou fan monuminten dy't de stêd hjoed-de-dei sa ferneamd meitsje: de katedraal, de skeve toer, it baptistearium, it Camposante en de noch altiten foar in grut part besteande stedsmuorren.

It ferfal fan de stêd begûn mei it fersânjen fan de haven en benammen doe't de stêd Genua op 6 augustus 1284 Pisa in swiere klap tabrocht.

Mei't Florâns Pisa yn 1406 ferovere ferlear Pisa alle ûnôfhinklikens en krige dy stêd in wei nei de see. De komst fan De Medici soarge yn de 15e iuw wer foar in beskieden kulturele oplibbing foar de stêd.

Yn 1944 hie de stêd slim te lijen fan de bombardeminten.

De nei Galileo Galilei ferneamde lofthaven fan Pisa ferwurket alle jierren sa'n 5 miljoen reizgers (2017). It is de grutste lofthaven fan Toskane.

It besjen wurdich

  • It Campo dei Miracoli (Fjild fan de Wûnders) of Piazza del Duomo, mei de domtsjerke, de skeve toer, it baptistearium en it Camposanto, heart sûnt 1987 mei de gebouwen ta it wrâlderfgoed fan UNESCO.
  • Yn it Museo dell'Opera del Duomo, dat ûnderbrocht is yn in gebou dat fan de 13e oant de 17e iuw de kapittelseal fan de dom wie, binne in soad orizjinele keunstwurken fan de gebouwen fan it Campo dei Miracoli ûnderbrocht.
  • It Museo Nazionale di San Matteo is yn in midsiuwsk kleaster ûnderbrocht. It besit in grutte kolleksje Pisaanske en Florentynske keunst fan de 12e oant 17e iuw.
  • Fan de âlde romeinske gebouwen bleaune allinne de ruïnes fan de Hadrianus-thermen út de 2e iuw bestean.
  • Oan it Piazza dei Cavalieri, dat op it âlde forum fan de stêd stiet, leit it Palazzo dei Cavalieri, in yn 1562 in besteand paleis ferboude ta in opliedingsynstitút foar de ridderoarder Cavalieri di Santo Stefano. Njonken it paleis stiet de Chiese dei Cavalieri di S. Stefano (16e iuw).
  • De Santa Maria della Spina is in lyts goatysk tsjerkegebou oan de Arno, dat tusken 1230 en 1323 ferboud waard om in tige wichtich relyk te bewarjen: in stikje fan de stikel fan de stikelkrânse fan Kristus. De tsjerke stie eartiids noch tichter by it wetter, mar waard yn 1871 stien foar stien ôfbrutsen en wer op de hjoeddeiske lokaasje opboud. Ien fan de âldste tsjerken yn Pisa is nei alle gedachten de Chiesa di San Zeno (9e iuw). Oare monumintale tsjerken binne û.o. de Basilica di San Pietro Apostolo (10e iuw), de Chiesa di San Francesco (13e iuw), de Chiesa del Santo Sepolcro (12e iuw), de Chiesa di San Michele in Borgo (11e iuw), de Chiesa di San Paolo a Ripa d'Arno (9e of 10e iuw), de Chiesa di Santa Caterina d'Alessandria (13e iuw), de Chiesa di San Nicola (13e iuw), de Chiesa di San Sisto (12e iuw).
  • In grut part fan de Pisaanske stedsmuorren, mei meardere poarten, binne noch yntakt.

Ofbylden