Domtsjerke fan Pisa

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Pisa

Duomo di Pisa

bouwurk
De tsjerke fanút it súdwestslike perspektyf
De tsjerke fanút it súdwestslike perspektyf
lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
plak Pisa
adres Piazza del Duomo
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1063-1092
boustyl Romaanske arsjitektuer
offisjele webside
Side domtsjerke

De Santa Maria Assunta (Italjaansk: Cattedrale Metropolitana Primaziale di Santa Maria Assunta) is de katedraal fan it Italjaanske aartsbisdom Pisa. De oan de himelfeart fan Marije wijde tsjerke stiet op it Piazza del Duomo, dêr't ek de ferneamde skeve toer fan Pisa, it baptistearium en it 'Camposanto monumentale' ("Monumintale Hillige Fjild") steane. De dichter D’Annunzio neamde de lokaasje Piazza dei Miracoli, Plein fan de Wûnders, en ek tsjintwurdich wurdt it sa wol neamd.

Nettsjinsteande in boutiid fan mear as 200 jier foarmet de katedraal troch de konsekwinte tapassing fan it wite Carrara-moarmer as boumateriaal in ienheid. De domtsjerke stie letter model foar oare katedralen, lykas dy fan Florâns en Siena.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1063 sette Buscheto di Giovanni Giudice útein mei de bou fan de nije dom. De kosten waarden betelle fan û.o. de bút, dy't binnen helle wie mei de ekpedysjes tsjin de islamityske besetters fan Sisylje. Yn itselde jier begûn ek Feneesje mei de bou fan in nije katedraal, de basilyk fan San Marco. De twa konkurrearjende seefarrende republiken wiene meiïnoar yn striid wa't de moaiste katedraal bouwe koe.

Grûnplan

De tsjerke waard bûten Pisa's midsiuwske muorren boud op in plak dat earder as tsjerkhôf tsjinne. Op it plak stie al in tsjerke út it begjin fan de 11e iuw, mar dy waard nea foltôge. Troch de weake ûndergrûn fersakke de domtsjerke oan de eastlike kant wat. Foar Itaalje wie it krúsfoarmich grûnplan yn dy tiid wat nijmoadrichs. Paus Gelasius II wijde yn 1118 de doe noch net foltôge dom yn.

Oan it begjin fan de 12e iuw waard de katedraal grutter makke. It skip waard yn deselde styl as dy fan Buscheto trije traveeën langer makke. Ek waarden it transept fergrutte en in plan útfierd foar in nije gevel. Op de Porta di San Ranieri (de doar yn it rjochter transept) stiet 1180 ynskreaun, it jier fan de foltôging fan it wurk. De mei foarstellings út it libben fan Jezus fersierde dûbele doar waard oan de ein fan de 12e iuw troch Bonanno Pisano getten en oerlibbe it fjoer fan de brân yn 1595. De orizjinele doar wurdt hjoed-de-dei bewarre yn it Museo dell'Opera del Duomo.

It hjoeddeiske oansjen fan de katedraal is it resultaat fan in soad restauraasjes oer in lange perioade. De earste grutte feroarings folgen op de brân yn 1595, doe't it dak ferfongen en de trije brûnzen doarren fan de gevel makke waarden. Oan it begjin fan de 18e iuw waarden de binnenmuorren fersierd mei grutte skilderijen mei foarstellingen fan de hilligen fan Pisa. Yn de 19e iuw waarden de orizjinele bylden fan de gevel (no yn it museum) ferfongen troch replika's.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oersjoch ynterieur

It ynterieur wurdt oan de westlike kant ferdield yn in middenskip mei twa sydskippen oan beide kanten en in transept en apsis yn trije skippen troch grize pylders mei korintyske kapitelen. De pylders tusken it skip en de apsis binne ôfkomstich fan de moskee fan Palermo en waarden yn 1063 nei in tegearre mei de Normandjers útfierde súksesfolle oanfal op de Sarasenen bútmakke en meitôge nei Pisa.

It houten kasetteplafond datearret fan nei de brân fan 1595 en is makke troch Domenico en Bartolomeo Atticciati.

Koepelfresko

Yn de koepel boppe de krusing is troch de Pisaanske skilders Orazio and Girolamo Riminaldi in fresko (1627-1631) fan de himelfeart fan Marije oanbrocht.

It grutte mozaïek yn de apsis fan in troanende Kristus tusken Marije en Jehannes de Evangelist is begjin 14e-iuwsk en oerlibbe de brân fan 1595. Oare keunstwurken fan foar de brân binne fresko's fan in Madonna mei Bern yn de triomfbôge (Maestro di San Torpè) en fragminten fan fresko's op oare plakken yn de tsjerke. De flier ûnder de koepel datearret noch út de midsiuwen en waard troch de masters fan de famylje Cosmata lein. It is it iennige diel fan de fan de katedraalflier dat 12e-iuwsk is.

De preekstoel waard boud troch Giovanni Pisano (1302-1310) en is ien fan de fjouwer noch besteande kânsels fan de byldhouwer (de oaren binne te finen yn it baptistearium, yn de domtsjerke fan Florâns en de San Andrea fan Pistoia. Ek de preekstoel oerlibbe de brân, mar dy waard by de restauraasje fan de katedraal ôfbrutsen en opslein en pas yn 1926 wer opboud. Oan de preekstoel binne njoggen nijtestamintyske reliëfs te sjen. De kânsel wurdt droegen troch pylders op bases of liuwen en troch bylden fan Herkules, Michael, Kristus en Ecclesia en de trije persoanifikaasjes fan it Leauwe, de Hope en de Leafde.

Apsismozaïek

Yn de tsjerke wurde de reliken fan Sint-Reinerius bewarre, de patroanhillige fan de stêd. Ek de tombe fan de roomsk-dútske keizer Hindrik VII, dy't by it belegerjen fan Florâns by Buonconvento ferstoar, stiet yn de tsjerke. Oarspronklik stie de tusken 1313 en 1315 makke tombe yn de apsis. Letter waard de tombe ôfbrutsen en wer rekonstruearre en tsjintwurdich stiet er wer yn it rjochter transept.

De 27 skilderijen dy't de muorren efter it heechalter beklaaie stelle ferhalen út it Alde Testamint en it libben fan Kristus foar en stamme út de 16e en 17e iuw. Se binne yn de haadsaak makke troch Toskaanske keunsters, lykas Andrea del Sarto en Domenico Beccafumi.

Yn it midden fan it haadskip hinget de saneamde "Lampe fan Galileo". De grutte brûnzen kroanluchter waard yn 1587 troch Vincenzo Possenti getten neffens in ûntwerp fan Giovanni Battista Lorenzi. Neffens de oerlevering soe Galileo Galilei by it besjen fan de lampe it geheim fan de pindelbeweging ûntdutsen ha, mar dêr publisearre hy al seis jier earder oer.

De tsjerke is fierder ryk oan oare keunstwurken, wêrûnder it brûnzen krúsbyld fan it haadalter en it sulveren siboarium fan Giovanni Battista Foggini (1678–86) op it alter fan de Kapel fan it hillich Sakramint. De withoefolle sydalters binne fersierd mei skilderijen út de 16e en 17e iuw.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Florence Cathedral