Springe nei ynhâld

Reedriden

Ut Wikipedy
De ferzje fan 2 apr 2022 om 23.01 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Reedrider op de iisbaan Oerterp (jannewaris 2009)

It reedriden is it op redens foarútkomme oer it iis. Dat iis kin natueriis wêze, mar ek keunstiis. Mei roltsjeredens kin ek riden wurden dêr't gjin iis is.

It reedriden wurdt sawol as frijetiidbesteging as as wedstriidsport dien. Benammen yn winters mei iis wurdt der in protte riden op fearten en marren, mar der kin ek op iisbanen riden wurde. Sa gau 't it iis betrouber is en de omstannichheden goed binne, wurde der troch iisklups en iiswegensintrales toertochten organisearre. As wedstriidsport binne der by it reedriden ferskate dissiplines.

Wille op it iis

Troch de minske waard al yn de prehistoarje reedriden. Yn dy tiid bestiene de redens út bonken fan bisten dy't slipe waarden sadat it oerflak glêd genôch wie om op te gliden (saneamde glissers). Archeologen hawwe op de boaiem fan in Switsersk mar de resten fan sokke redens fûn dy't datearre wurde op sawat 3000 jier f.Kr. Lyksoartige fynsten binne dien yn Ruslân, Skandinaavje, Grut-Brittanje, Nederlân, en Dútslân.

It wedstrydriden op redens is mooglik al hiel âld en waard yn elts gefal al sûnt de 18e iuw dien. De earste wedstriden bestiene benammen út koartebaanwedstriden. It begjin fan de skreaune skiednis wie in wedstryd yn 1803, yn Snits, dêr't riden waard om in sulveren tabaksdoaze.

By it baanriden besiket eltse dielnimmer apart sa hurd mooglik in ôfstân te riden. Om't dielnimmers elts in eigen baan hawwe spilet taktyk net in grutte rol.

By de groepstart-dissiplines begjinne alle dielnimmers tagelyk en tegearre, en besiket eltsenien om foar de oaren oan te kommen. De faasje is hjir net it doel, mar it middel om de oaren foarút te kommen.

By it sierriden is net de faasje it doel, mar de bewegings. In sjuery beoardielt de styl fan riden fan de dielnimmers.

Der binne ek oare sporten op redens. Om't it riden dêr mar it middel is, wurde dy meast net ta it reedriden rekkene: