Widdo Joustra
Widdo Joustra ( offisjele namme Weduwe Joustra®) is in bearenburchmerk, makke troch de bearenburchdistillearderij mei dy namme út Snits.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't yn 1864 Steven Joustra stoar, moast syn widdo Anjenette Joustra-Reinders wat oars betinke om troch de tiid te kommen. Troch har kontakten mei Hendrik Beerenburg út Amsterdam krige sy it resept yn hannen foar bearenburch en begûn se in stokerij ûnder de namme Wed. S. Joustra & Zn. Doe't Anjenette mei pensjoen gie nom har skoansoan Jan Huges de saak oer. Dy joech op syn beurt it roer yn hannen fan syn soan Uko Hendrik Huges dy't de saak wer oerdie oan syn skoansoan Jacob Sonnenberg. Jacob sette de tradyske fuort troch syn soan Jaap Sonnenberg it heft yn hannen te jaan. Dêrnei stie dy syn dochter Heleen Sonnenberg oan it haad fan it bedriuw.
Yn july 2016 gie it memmebedriuw Dirkzwager fallyt. It bedriuw krige fuortendaliks in soad reaksjes fan potinsjele oernamekandidaten. Uteinlik naam Boomsma Distilleerderij Weduwe Joustra oer.[1][2]
Resept
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas ek by oare fabrikanten is it resept fan Widdo Joustra geheim. Totaal hat de drank sa'n 25 krûden, sa as gentiaan, benediktus, herba card en galiatoer, dy't in moanne lang op in sêfte jenever trekke moatte. Hendrik Beerenburg, makker fan it resept hie it oer Oprechte Maag-Kruiden.
Joustra-bearenburch hat 32 % alkohol, mar der is ek in ferzje mei 35 prosint.
Produkten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist bearenburch makket de distillearderij de (myldere) fariant Bearinneburch. Ek Krûdebitter, Jonge Jenever, Alde Genever en Fieux Poterne sitte yn it assortimint. Tsjintwurdich is it assortimint útwreide mei ferskate likeuren, lykas Speculaaslikorette (ûntwikkele foar de yntocht fan sinteklaas yn Snits yn 2005), Boterbabbelaar en droplikorette (ûntwikkele foar Poiesz Supermarkten), in kofjelikeur mei de namme Hollands Genoegen en in line mei Aldhollânske likorettes. Om reden fan it 150-jierrich bestean fan Weduwe Joustra yn 2014 is der yn dat jier in Beerenburg útbrocht dy't 15 jier op ikehout lein hat.
Konkurinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte bedriuwen kinne ek in bearenburch meitsje, yn it Nederlânsk mei ien 'e' skreaun, omdat sy net de orizjinele reseptuer fan Hendrik Beerenburg brûke. De meast bekende is sûnder mis Sonnema bearenburch.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|