Onafhankelijke Senaatsfractie
De Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF), Frysk: Ûnôfhinklike Senaatsfraksje, is in platfoarm fan ûnôfhinklike provinsjale partijen. De dielnimmende partijen bliuwe autonoom en ûnôfhinklik, mar binne tagelyk ek mei elkoar ferbûn. De OSF waard oprjochte op 22 maart 1999 en is sûnttiids fertsjintwurdige yn de Earste Keamer. Yn febrewaris 2022 hat de OSF ien sit yn de Senaat.
Hindrik ten Hoeve
By de Earste Keamerferkiezingen fan 2003 waard Hindrik ten Hoeve keazen as Earste Keamerlid foar de OSF; hy hie earder kid west fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de Fryske Nasjonale Partij (FNP). Yn 2007 waard hy werkeazen, krektas yn 2015. Yn 2019 naam Germ Gerbrandy, ek in FNP-er, it stokje oer, en in 2021 Ton Raven.
Understeande OSF leden binne begjin 2019 fertsjintwurdige yn Provinsjale Steaten:
- Fryske Nasjonale Partij (4 sitten)
- Groninger Belang (3 sitten)
- Partij voor het Noorden (1 sit yn Grinslân) (begjin 2019 út 'e OSF stapt fanwegen in skeel oer de Mynbouwet yn ferbân mei de gasboarrings yn Grinslân)[1]
- Ouderen Partij Noord-Holland (1 sit)
- Lokaal-Limburg (1 sit)
- Partij voor Zeeland (1 sit)
- Sterk Lokaal Drenthe (1 sit)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|