Springe nei ynhâld

Amerikaanske presidintsferkiezings (2016)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 feb 2022 om 05.43 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (fl)
Amerikaanske presidintsferkiezings
<< 2012    •   8 novimber 2016   •   2020 >>
opkomst: 55,7%
wichtichste presidintskandidaten
Ofbyld:DJT Official Portrait cropped.jpg

Donald Trump
út New York
Republikeinske Partij

Hillary Clinton
út New York
Demokratyske Partij

fise-presidintskandidaten

Mike Pence

Tim Kaine

ferkiezingsútslach

304 kiesmannen
30 steaten + ME-dstr. 2
62.984.828 stimmen
46,1%

227 kiesmannen
20 steaten + DC
65.853.514 stimmen
48,2%

útslach nei steat
Utslach nei steat mei it tal kiesmannen yn it Elektoraal Kolleezje oanjûn. Der binne 270 kiesmannen nedich om te winnen. (Yn 2016 wiene der in stikmannich 'ûntrouwe kiesmannen', dy't har eigen sin diene en har stim útbrochten op kandidaten fan eigen kar.)


De Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 waarden op 8 novimber 2016 holden. Donald Trump waard mei dizze 58ste presidintsferkiezing mei in mearderheid oan kiesmannen keazen as presidint fan de Feriene Steaten.

Formeel waarden op 8 novimber 2016 allinnich de kiesmannen fan it kieskolleezje keazen, dy't op 19 desimber 2016 stimme sille op de presidintskandidaten. De presidintskandidaat mei 270 of mear kiesmannen fan it kieskolleezje wint de presidintsferkiezing. Lykas fêstlein yn de grûnwet sil de winner fan de presidintsferkiezings op 20 jannewaris 2014 beëdige wurde.

Tagelyk mei de presidintsferkiezings waarden der ek ferkiezings holden foar it Amerikaansk Kongres (Amerikaanske Senaat en it Hûs fan Offurdigen) holden.

Kandidaten

Op 16 juny 2015 die de sakeman Donald Trump te witten dat hy him ferkiesber stelle soe as presidintskandidaat foar de Republikeinske Partij. Op 15 july 2015 makke Trump wrâldkundich dat Mike Pence syn running mate wurde soe.

Hillary Clinton, de eardere first lady fan Bill Clinton, makke op 12 april 2015 formeel bekend dat sy de presidintskandidaat foar de Demokratyske Partij wurde soe.

Neist de Demokratyske en Republikeinske presidintskandidaten wie der noch in ferskaat oan kandidaten. Dy kandidaten koenen lykwols net yn alle steaten keazen wurde. Dat binne ûnder oaren de Libertarian, Green Party, Independence Party of Minnesota en de Constitution Party.

Keppeling om utens