Bernardus Schotanus à Sterringa
Bernardus Schotanus à Sterringa (Frjentsjer, 17 oktober 1640 - Ljouwert, 22 augustus 1704) wie in Fryske kartograaf, lânmjitter, wiskundige en dokter. Hy wie de grûnlizzer fan de Schotanusatlas.
Bernardus Schotanus waard yn 1640 berne as twadde soan fan Christianus Schotanus à Sterringa (1603-1671 ), predikant en heechlearaar yn Frjentsjer. Hy studearre letterkunde, filosofy en medisinen yn Frjentsjer. Letter waard er yn Lyon ta medysk doktor promovearre en waard er genêshear yn Ljouwert. Boppedat folge hy ûnderwiis yn lânmjitkunde.
Yn 1662 waard him frege om de it kartearingswurk fan Haacma, Gravius, Freerks en Boelens te kontrolearjen en te ferbetterjen. Dy gritenijkaarten waarden yn 1664 útjûn yn in boek fan syn heit: 'Beschrijvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt'. De kaarten fan Bernardus ferskynden yn 1698 yn in atlas fan Fryslân. Der wurdt wol sein dat hy as opmjitter ôfbylde stiet op de kaart fan Menameradiel út 1692.
Yn 1702 waard er foar syn bydrage oan de Fryske Atlas beneamd ta lânskipsmedikus. Hy ferstoar op 22 augustus 1704 oan in beroerte yn Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |