Tachtichjierrige Oarloch
De Tachtichjierrige Oarloch (yn de modernere skiedskriuwing ek wol De Opstân of de Nederlânske Opstân neamd) wie in oarloch tusken de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen — it hjoeddeistige Nederlân — en Spanje. Nederlân krige troch dizze kriich syn ûnôfhinklikens.
It begjin fan de oarloch wurdt rekkene fan de slach by Heiligerlee ôf op 23 maaie 1568 en gie - mei in ûnderbrekking fan 1609 oant 1621 (it tolvejierrich bestân) - troch oant de Frede fan Munster op 30 jannewaris 1648.
It begjin fan de oarloch
De direkte oanlieding wienen de byldestoarm (1566) mei de dêrop folgjende ynstelling fan de Ried fan Beroerten of Bloedried (1567), de massale flecht kalvinisten nei û.o. Dútslân en de tanimmende sintralisaasje fan it Habsburgske bewâld, wêrby fral it besykjen fan hartoch Alva om de Tsiende Penning ynfierd te krijen op fûleindich ferset stuitte. Mei de stipe fan in protte útwikkenen waard ûnder lieding fan prins Willem fan Oranje in leger ferwurven om it leger fan Alva te ferjeijen. Yn de slach by Heiligerlee op 23 maaie 1568 behelle de broer fan Willem, Loadewyk fan Nassau in oerwinning op de Spanjerts, mar koart dêrnei waard hy troch it Spaanske leger ûnder Alva ferslein.
Utwreiding fan de Opstân
De dêrop foljende set fan de opstannelingen wie it betinken fan it plan om inkele stêden te feroveren. Omdat plan te realisearjen stelde Willem fan Oranje him yn ferbining mei de wettergeuzen en krige ek koart stipe by Karel IX fan Frankryk. Yn 1572 slagge dat plan folslein. Troch de geuzen, Loadewyk fan Nassau en de prins sels waarden in grut tal stêden oermastere yn Hollân, Seelân, Fryslân, Gelderlân, Oerisel, Henegouwen en Brabant. Lykwols koenen de opstannelingen harren allinnich hanthavenje yn Hollân en Seelân en kearden de oare gebieten nei koarten werom yn de Spaanske macht. Yn Hollân waard in bestjoer troch de opstannige stêden foarme mei de prins as heechste oerheid.
Doe't yn 1576 de lânfâd Requesens - dy't yn 1573 Alva opfolge hie en in evenredich bewâld fierde - hommels ferstoar, kaam it yn de Súdlike Nederlannen ta earnstige ûntefredens. Neidat de Spaanske troepen oproer makke hienen rop de Steaten fan Brabant in gearkomste fan de Steaten-Generaal byinoar. Underhannelings mei Hollân en Seelân laat ta de Pasifikaasje fan Gint wêrby't de frede yn de Nederlannen wersteld waard. Al gau die bliken dat de Spaanske kening, de oertsjûge katoliken, noch de protestanten tefreden wienen mei it resultaat. De Steaten easken fan de nije lânfâd, Don Juan fan Eastenryk de erkenning fan de Pasifikaasje fan Gint en ferklearen him ferfallen doe't hy de Spaanske troepen werom rop. Dêrnei beneamden sy in eigen lânfâd, Matthias, wylst Willem fan Oranje hieltyd mear ynfloed wûn.
De komst fan Parma
Gebrûk meitsjend fan de ûntefredens by de katoliken stelde de opfolger fan Don Juan, de hartoch fan Parma, him yn ferbining mei de katolike striders en eallju yn de súdlike Nederlannen. Hy slagge deryn in bûnsmaatskip te sluten mei de Steaten fan Henegouwen en Artois, de Uny fan Atrecht. Oan de oare kant ferienige Willem fan Oranje him mei in oantal gewesten yn de Uny fan Utert.
Yn de jierren tusken 1579 en 1589 wit de hartoch fan Parma grutte súksessen te beheljen. Hy werstelt it keninklik gesach en de Roomsk-Katolike Tsjerke yn alle gewesten te suden fan de grutte rivieren en yn grutte parten fan Oerisel, de Efterhoeke, Drinte en Grinslân.
De help dy't de opstannelingen fan de Frânske kening krige en fan Elizabeth I fan Ingelân (dy't Leicester mei troepen stjoerde), smiet neat oars op dan nije ûnienigens. De Steaten-Generaal fan de opstannige gewesten erkenden net nochris in frjemde as soeverein foarst. Dermei wie de selsstannigens fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen yn 1588 in feit wurden. Fanôf dat stuit is de opstân in oarloch tusken de Republyk en de Spaanske monargy.
De oerwinnings fan Maurits en Loadewyk
Yn 1589 oermastere Parma Geertruidenberch en it dêrop folgjende jier set it leger fan de Republyk - herfoarme en laat troch prins Maurits, stipe troch in krêftich bestjoer ûnder lieding fan Johan fan Oldenbarnevelt - útein mei de oanfal en yn in rige oerwinnings waarden tusken 1590 en 1597 stêden en festigings ferovere op de Spanjerts yn Oerisel, Gelderlân, it noardwesten fan Brabant, Drinte, Grinslân en Siuwsk-Flaanderen. Allinnich yn it easten behelle Ambrogio Spinola wat súkses op de Republyk. Lang om let hawwe de fredesûnderhannelings yn 1609 laat ta it saneamde Tolvejierrich bestân wêrby't de ûnôfhinklikens fan de Republyk troch Spanje erkend waard.
Herfetsje fan de oarloch
Doe't de Republyk nei it bestân, û.o. troch de dea fan Van Oldenbarnevelt, ynwindich ferswakke wie, besocht Spanje op 'e nij Noardlike Nederlannen te betwingen. Yn gearwurking mei de katolike Dútske foarsten hannele Spinoza krêftich en súksesfol tsjin Maurits. Brabant waard troch him ferovere en it easten fan Gelderlân. Lykwols makke de opfolger fan Maurits, Freark Hindrik in pear jier letter alle oermasteringen fan Spinola ûngedien. Nije fjildtochten fan him rûnen út op de besetting fan oare stêden yn Limburch en Brabant. Yn dy tiid foel de Tachtichjierrige oarloch tagelyk mei de Tritichjierrige Oarloch. Keizerlike troepen kamen de Spanjerts yn de Nederlannen te help en Dútske protestanten krigen stipe fan de Nederlânske gewesten. Nei in skoft langen beide partijen nei frede, dy't nei trije jier fan ûnderhannelings yn 1648 ta stân brocht waard.
Keppeling om utens
- (ned) De Tachtigjarige Oorlog, Universiteit Leien
- (ned) Wichtige foarfallen út de tachtichjierrige oarloch
- (ned) De tachtichjierrige oarloch, Militair.net
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
|
- Tachtichjierrige Oarloch
- Skiednis fan Belgje
- Skiednis fan Lúksemboarch
- Skiednis fan Nederlân
- Oarloch yn Jeropa
- Oarloch yn de 16e iuw
- Oarloch yn de 17e iuw
- Oarloch fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
- Oarloch fan Spanje
- Oarloch fan Sardynje
- Oarloch fan Sisylje
- Oarloch fan Napels
- Oarloch fan Milaan
- Oarloch fan Portegal
- Oarloch fan it Hillige Roomske Ryk
- Oarloch fan Frankryk
- Oarloch fan Ingelân
- Oarloch fan Nassau
- Militêr treffen fan de geuzen