Terheijl
Terheijl (ek: Ter Heijl) is in buorskip yn de gemeente Noardenfjild yn provinsje Drinte. Terheijl leit besuden it doarp Nietap dêr't er formeel ek ta heart.
Yn de 15e iuw wie Terheijl yn it besit fan it kleaster fan Aduard, dat dêr in úthof en in stienbakkerij hie. Yn 1490 stichte abt Wolter fan it kleaster Aduard by de úthof in kapel op in plak dat bekend stie as "De Helle", troch him It Paradys neamd.[1] Terheijl krige hjirtroch syn namme De Helle. De úthof waard dêrnei troch abt Godefridus ferboud ta slot, de lettere havezate, dy't Terheijl neamd waard. De namme waard yn it ferline ferkeward begrepen as: ter Helle, dus: yn de hel. Dit kin ferklearje dat in by it buorskip lizzend marke (in pingoruïne) de naam Faaiefjoer krige. De namme helle betsjut lykwols leechte, poel of helling.
Sêge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it ûntstean fan de namme bestiet in sêge: De hear en frou fan Terheijl hawwe sân soannen. Ien foar ien stjerre der seis troch de byt fan in njirre. Dêrom wurdt besluten om in kastiel mei dikke muorren te bouwen, sadat nimmen (dus foaral gjin slang) sûnder sjoen te wurden nei binnen komme kin. As it ienige oerbleaune bern, de jongste wol it ferhaal, 18 wurdt hâldt er in grut feest. As de jongste in appel fan de oerfolle skaal pakke wol, wurdt hy biten troch in slange dy't dêrtusken temûk binnenkomd is. De âlden oardiele dêrnei dat se yn de hel ferkeare en sette ôf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Noardenfjild | ||
---|---|---|
Doarpen: Roan • Altena • Feanhuzen • Ien • Langelo • Leutingewolde • Lieveren • Nietap • Nij-Roan • Noarch • Peest • Peize • Peizermade • Roaneries • Roanerwâlde • Steenbergen • Westervelde • Zuidvelde | ||
Buorskippen: Allardseach (foar in part) • Alteveer • Amerika • Boerlaan • Ien-West • De Streek • Foxwolde • Huis ter Heide • Klunderveen • Matsloot • Norgerfeart (foar in part) • Oostindië (foar in part) • Peizerwold • De Pol • Sandebuur • Terheijl | ||
· · |