Springe nei ynhâld

Humalda

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jan 2022 om 17.02 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Humalda is de namme fan in lytse beskerme terp benoarden Ie. Faaks stie der in stins of state, de Humalda State, ek wol Malda State en Aebingha State neamd. Yn de 17e iuw wurdt der fan in hearehûs sprutsen dat ek op de kaart fan Schotanus-Halma werom te finen is. Eastlik fan it terrein leit anno 2010 noch de 19e iuwske kop-hals-romppleats Lyts Humalda.

Humalda op de Schotanuskaart fan 1718

Yn 1440 komt in Hessel Humalda foar dy't mei Botte Jarla fan Jaarlastate op de mieden fan Kleaster Sion (Nijewier) striden hat om de eare fan in meistanner.[1] Yn 1453 wurdt in Buwe Humalda neamd. Yn 1488 is Hessel Humalda syn 'huys toe Ee' it toaniel fan striderij mei Sydts Bottinga syn feinten en Gabbe Jaerla, dy't dêr dea by rekket. It twingt Hessel om frede te sluten mei de stêd Grins.[2] Frans Aebinga Humalda wenne op it stee oan syn dea yn 1557 en syn dochter Geel en Frans Canter wurde yn 1567 as bewenners neamd. Geel har broer Sjuck is yn 1580 neamd bewenner.[3]

Sjuck Humalda wie fan 1582 oant 1586 grytman fan East-Dongeradiel en syn soan Frâns wie yn 1614 hopman fan in Frysk rezjimint. Sy widdo Ebel fan Meckama wenne yn 1648 noch yn Ie en har soan Sjuck Aebinga van Humalda wurdt yn 1670 ynwenner fan Ie neamd[4]; hy wie ûnder oaren kurator fan de Hegeskoalle te Frjentsjer. It stimkohier fan 1698 jout Frans Binnert Glins fan Aebinga fan Humalda as eigner, yn 1710 wie it Erens Binnert en yn 1728 Petrus Bergsma, fiskaal fan East-Dongeradiel dy't yn Dokkum wenne en dêr letter ek notaris wie.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sipma I, 79
  2. Tegenwoordige staat II, 212/Pax Groningana, 49
  3. Berns 18, YY; Quaklappen, 7, 311
  4. Berns 55, M I, 197
  • Herma M. van den Berg Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen, 1983. Haadstik Ie.