Diskwalifikaasje
Diskwalifikaasje (fan it Frânske disqualification) is it útsluten fan (fierdere) dielname oan in wedstryd of kompetysje, ornaris op it mêd fan in sport of in spul. Soks wurdt dien troch de wedstrydlieding, dy't almeast bestiet út ien of mear skiedsrjochters of in sjuery. In diskwalifikaasje kin jilde foar in diel fan 'e oangeande wedstryd, of de rest fan 'e oangeande wedstryd, of de rest fan 'e oangeande wedstryd plus ien of mear folgjende wedstriden, of foar langere tiid. Yn dat lêste gefal is der almeast sprake fan in earnstige oertrêding fan 'e spulregels, lykas falskspyljen, it brûken fan geweld tsjin in oare spiler of it ynnimmen fan doping. Soms wurde spilers foar it libben diskwalifisearre. Faak is it sa dat dielnimmers oan in sport of spul ferskate warskôgings krije foar't se diskwalifisearre wurde. It kin lykwols ek wêze dat in diskwalifikaasje fuortendaliks fan krêft wurdt. Ek yn sokke gefallen is der sprake fan in slimme oertrêding.
Inkele foarbylden. Yn it iishockey wurde spilers geregeldwei foar in stikmannich minuten diskwalifisearre ("nei de strafbank stjoerd"), en kinne se weromkomme as se de straftiid útsitten hawwe. Yn it basketbal wurdt in spiler nei fiif ûnderskate warskôgings diskwalifisearre foar de rest fan in wedstryd, mar kin dan de folgjende wedstryd gewoan wer meispylje. Yn it fuotbal krije spilers ien warskôging (in giele kaart) foar't se diskwalifisearre wurde (mei in reade kaart); dêrnei meie se net allinne de oangeande wedstryd fierder net mear meispylje, mar ien of mear folgjende wedstriden yn deselde kompetysje ek net. Yn it hurdfytsen kin in winner syn sege ûntnommen wurde en foar langere tiid diskwalifisearre reitsje as er by de urinetest nei de oankomst trappearre wurdt op it ynnimmen fan doping.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |