Consolidated B-24 Liberator
B-24 Liberator | |
Rol | Swiere bommesmiter |
Makker | Consolidated Aircraft |
Earste flecht | 19 desimber 1939 |
Yn tsjinst | 1941 |
Ut tsjinst | 1968 (Yndiaaske Loftmacht) |
Farianten | Consolidated PB4Y-2 Privateer, Consolidated C-87 Liberator Express, Consolidated Liberator I |
Tal makke | 19.256 fan 1940–1945 |
Grutste brûkers | United States Navy, Royal Australian Air Force, USAAF, RAF |
De Consolidated B-24 Liberator wie in swiere Amerikaanske lange-ôfstans bommenwerper dy't makke waard troch Consolidated Aircraft. Der waarden goed 18.000 B-24's produsearre sadat de B-24 de meast produsearre Amerikaanske gefjochtsfleanmasine fan de Twadde Wrâldkriich is. De B-24 waard, neist hast alle Amerikaanske loftmachtienheden, brûkt troch ferskate alliearde loftmachten en marines, en wie operasjoneel op de fronten fan West-Jeropa, de Pasifyk, it Mediterrane gebiet en Sina-Burma-Yndia.
De B-24 wurdt faak fergelike mei de mear bekende B-17 'Flying Fortress'. It B-24-ûntwerp wie moderner, hy koe hurder en fierder fleane mei in gruttere bommelading; mar,hy wie moeiliker te fleanen en swier yn it betsjinjen en mindere eigenskippen wat formaasjefleanen oanbelange. Yn it generaal hinge de foarkar fan bemanning en legerlieding yn West-Jeropa oer nei de rûch-deeglike B-17.[1] De pleatsing fan branjetanks boppe yn de romp en syn lichte bou, ûntwurpen om it fleanberik te fergrutsjen en him te optimalisearjen foar rinnende-bânproduksje, makke it tastel kwetsber foar skea yn in gefjocht.[2] Fierders wie de B-24 berucht ûnder de Amerikaanske bemanningen út reden dat er sa maklik yn de brân te sjitten wie. Boppedat sieten de Davis-wjukken heech oan de romp fêstmakke wat by in búklâning in neidiel wie om't de romp sa gau briek.[3] Nettsjinsteande dizze neidielen hat de B-24 yn tal fan rollen goed tsjinje kind troch syn grutte fleanberik en hegere rendemint wat bomlading oangiet.
De meast ferneamde misje mei B-24's wie Operation Tidal Wave, in oafal op lege hichte op de oaljefjilden fan Ploesti, yn Roemeenje op 1 augustus 1943, dy't lykwols jammerlik mislearre.
Technyske feiten B-24J
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lingte: 20,6 m
- Spanwiidte: 33,5 m
- Hichte: 5,5 m
- Wjukoerflak: 97,4 m²
- Leechgewicht: 16590
- Startgewicht: 25.000 kg
- Maks.gewicht: 29.500 kg
- Motor: 4× 14-silinder Pratt & Whitney R-1830 turbosupercharged radiaalmotoren fan 900 kW (± 1200 hk) it stik
- Topfaasje: 470 km/o
- Klimfaasje: 5,2 m/s
- Aksjeradius : 3.400 km
- Fleanberik: 6.000 km
- Tsjinstplafond: 8500 m
- Boardgeskut: 10× 12.7 mm (0.5 inch) Browning M2 masinegewearen
- Bomlading: (<650km) 3600 kg, (<1250 km) 2300 kg, (± 2000 km) 1200 kg
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]XB-24, B-24, B-24A, XB-24B, B-24C, B-24D, B-24E, XB-24F, B-24G, B-24G-1, B-24H, B-24J, XB-24K, B-24L, B-24M, XB-24N, YB-24N, XB-24P, XB-24Q, XB-41, LB-30A, YB-24, B Mk II, B Mk III, B Mk IIIA, Mk V, B Mk VI, GR Mk V, Mk VIII, C Mk VI, Mk VIII, PB4Y-1, PB4Y-1P, PB4Y-2, AT-22, TB-24, RB-24L, TB-24L, C-87, C-87A, C-87B, C-87C, RY-1, RY-2, RY-3, XF-7, F-7, F-7A, F-7B
Lannen dêr't de B-24 tsjinne hat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Brazylje
- Kanada
- China
- Frankryk
- Feriene Keninkryk
- India
- Itaalje
- Nij-Seelân
- Portugal
- Sovjet-Uny
- Tsjechoslowakije
- Turkije
- Feriene Steaten (1941-?)
- Súd-Afrika
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle siden (in) ;
- Consolidated B-24A page
- Consolidated B-24D page, USAF National Museum
- WWII photos of the 7th AAF Heavy Bombardment Group Liberators
- Warbirds Resource Group USAAF Resource Center – B-24 Liberator
- Liberator II Flight 1942
- Look Out Hitler, Here Comes The Flood Popular Science, 1943 - wiidweidich artikel oer de fabrikaazje fan de B-24
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory B-24 Liberator fan Wikimedia Commons. |