Springe nei ynhâld

Pieter Mudstra

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 des 2021 om 13.02 troch Drewes (oerlis | bydragen) (bertejier oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fynsten fan Mudstra (lofts boppe) en Pieter Horjus yn it Streekmuseum / Folksstjerrewacht te Burgum

Pieter Mudstra (Aldegea (Smellingerlân), 7 april 1901 - Sumarreheide, 29 july 1990)[1] wie in amateur-archeolooch (stientsjesiker) en de earste fjildassistint fan it Frysk Museum; keunstskilderjen en tekenjen pielde er ek mei.

Mudstra groeide op in earmoed op Sumarreheide dêr't er altyd wenjen bleaun is. Hy koe oan de earmoed ûntkomme troch yn 1942, nei't er lid fan de NSB wurden wie[2], ûnder lieding fan dr. Assien Bohmers, mei noch fiif oare Friezen [3], mei de dwaan oan de opgravingen by it Tsjechyske Unterwistenitz. Dat waard nammentlik goed betelle. Doe't it wurk dêr dien wie soe er oerpleatst wurde moatte, mar hy frege en krige ferlof foar Nederlân en bleau thús. De Grüne Polizei hat ien kear by him oan de doar west doe't er net thús wie, dêrnei waard er gewurden litten. De affêre is Mudstra wol op de nedige krityk kaam te stean[4][5].

Yn 1962 waard er fynstesiker foar it Frysk Museum (ûnder provinsjaal archeolooch G. Elsinga). Mudstra hie ûnder oaren as taak tafersjoch te hâlden by dollerij yn it ramt fan de ruilferkaveling (bygelyks by de ruilferkaveling Alddjip, Beetstersweach) yn Fryslân en út te sjen nei artefakten.

Yn 1983 waard him by in rôfoerfal thús yn Sumarreheide syn postsegelsamling en syn kolleksje Romeinske munten ûntstellen.

Mudstra hat ferskate bysûndere fynsten út de stientiid dien, al yn 1943 by Oerterp yn Opsterlân, fierders yn Smellingerlân en om de Burgumermar hinne, en helle dêrmei ek de provinsjale parse. Hy hie kunde oan bekende archeologen.

  • Klaas R. Henstra, Pieter Mudstra(1901-1990), Sumarreheide; 'Schrijver dezes heeft geluk gehad Grondwerker te mogen zijn'. Utjefte Stichting Streekmuseum-Volksterrenwacht, Burgum (2011)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynfo Streekmuseum/Folksstjerrewacht, Burgum
  1. Begraafplak Sumar
  2. Webstee Stichting Oud Achtkarspelen
  3. It wiene Johannes en Kees Groenhof út Ikkerwâld, Pieter Mudstra, Romke Postma út Readtsjerk en Andries van der Veen út Westergeast. Yn it artikel 'Friesland, het Ahnenerbe en het nordische denken', Ljouwerter Krante, 9 aug. 1975, wurde diels ferkearde nammen jûn. Oebele Vries yn E e n a m a t e u r - a r c h e o l o o g o p z o e k n a a r d e p r e h i s t o r i s c h e c u l t u u r : johannes minnema (1903-1984)
  4. Ynfo Streekmuseum/Folksstjerrewacht, Burgum
  5. Ljouwerter Krante 26 oktober 1983