Springe nei ynhâld

Neändertaler

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 des 2021 om 20.32 troch Drewes (oerlis | bydragen)
Neimakke Neändertaler, Musée De La Préhistoire yn Quinson

De Neändertaler (Latynske namme: Homo neanderthalensis, ek wol Homo sapiens neanderthalensis[1]) wie in minskesoarte dy't libbe tusken 150.000 en 30.000 jier lyn ferspraat oer Jeropa, it Heine Easten en Sintraal-Aazje. Sy wurde net sjoen as de dejingen dêr't de moderne minsk fuort fan ôfstammet. Lykwols hawwe sy lange tiid njonken de Kro-Magnonminsk libbe, dy't as earste moderne minsk jilde en oantsjutten wurde as Homo sapiens sapiens. Sûnt 2014 binne der oanwizings dat de Neänderhaler him mei de moderne minsk fermongen hat. As minsketype is de Neändertaler útstoarn.

De Neändertalers stamme nei alle gedachten ôf fan de Homo erectus, in minskesoarte dy't ynearsten yn Afrika wenne en har fan dêrút yn oare wrâlddielen fêstige. As gefolch fan oare geologyske- en klimatologyske tastannen kamen sy terjochte yn hiele oare biotopen dan at sy wend wiene. Lykwols pasten sy har dêrop oan troch feroarjende lichemsskaaimerken. Yn Jeropa liede dat sa'n 500.000 jier lyn ta de Homo heidelbergensis en letter de Neändertaler. De 'Heidelbergminsk' koe behoarlik lang wurde, de Neändertaler lykwols hie in koart en dûbeld postuer.

De Neändertaler yn Fryslân

De Neändertaler hat ek yn Fryslân west. Archeologen hawwe bewizen foar fûn fan harren oanwêzigens, al hâldt it oantal fynsten net oer. Der is prehistoarysk ark opgroeven fan minsken dy't om-ende-by 100.000 jierren lyn yn Fryslân libben hawwe. Yn Wynjewâld, Ealahuzen en Aldeholtpea binne fûstbilen fûn dy't fan Neändertalers wienen.

Earste fynst yn Nederlân

15 juny 2009 - Foar it earst wurdt in yn Nederlân ûntdekt fossyl fan in Neändertaler útstald. It giet om in mear as 40.000 jier âld plassefragmint mei de tekenjende wynbraubôge. It fossyl is inkelde jierren lyn foar de Siuwske kust yn de Noardsee fûn. It is te besjen yn it Ryksmuseum fan Aldheden yn Leien.

Literatuer

  • (ned) Arsuaga, Juan Luis, 2004. Het halssieraad van de Neanderthaler; op zoek naar de eerste denkers. Amsterdam, Wereldbibliotheek. ISBN 90-284-2025-8
  • (in) Hall, Stephen S., 2008. Last of the Neanderthals - Eurasia was theirs alone for 200,000 years. Then the newcomers arrived. National Geographic, Oktober 2008.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: