Nij-Roan
Nij-Roan (Nederlânsk: Nieuw-Roden, Drintsk: Nij-Roon) is in doarp yn de provinsje Drinte yn de gemeente Noordenveld, mei 1328 ynwenners (1 jannewaris 2005).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As earste wie der in skoalle en om dy skoalle ûntstie in doarp. Dit is in nuveraardich begjin foar in wenplak, want meastentiids is der earst in doarp en komt der letter in skoalle. Op de woeste heidegrûnen, dêr't hjir en dêr in spitkeet stie, waard yn de earste jierren fan de tweintichste iuw in skoalle boud. Oant yn de jierren 90 stie ek yn Nij-Roan in orizjinele seaddehutte, yn de buert fan it hartekamp. Dizze is ôfbaarnd en hjirmei gie in stikje ûntsteansskiednis ferlern. De ûntsteansskiednis fan Nij-Roan is in bitter ferhaal fan bodzjen en minne leefomstannichheden. In foto fan de biezembynsters stiet symboal foar dizze ûntsteansskiednis; op bleate fuotten, yltige hannen en ferware mar berette gesichten foarmen se in ikoan fan Nij-Roan. In soad manlju flechten oan de ein fan de wike, mei it jild dêr't se sa hurd foar bodde hienen, harren taflecht yn de alkohol. Se besochten efkes te ûntkommen oan it wrede bestean. Boppedat wienen in soad manlju fan hûs te arbeidzjen, oaren wienen stoarn. De froulju stienen der dan allinnich foar en hja makken dat se mei har bern troch de tiid kamen. "Bessems binden" wie foar haren uin grutte boarne fan ynkomsten. Sûnttiids is der yn hûndert jier fansels in soad bard: der kamen huzen en winkels, der kaam elektrisiteit en wetterlieding, der foarme him in doarpsmienskip, mei in kafee, in tsjerke en in doarpshûs. De bewenners rjochten ferienings op en organisearren festiviteiten. Nij-Roan groeide út ta in bloeiend doarp.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp leit west fan Roan en is troch nijbouwiken fan Roan-West hielendal tsjin it doarp oangroeid. Nij-Roan wie destiids in útwreidingsplan fan Roan, dêr't yn 1937 de earste bewenners kamen te wenjen. Doe lei de grins tusken Roan en Nij-Roan by de Wâldseam (sa't de namme al oanjout). Yn de foarbye desennia binne de tuskenlizzende lannen (doe noch Nij-Roden) ynruile foar nijbouwiken, ûnder de plaknamme Roan. De adressen yn it doarp hawwe noch altiten as plaknamme Nij-Roan, De nije adressen dy't oansluten binne op besteande strjitten rjochting de nijbouwiken falle ûnder Roan.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It besjen wurdich is de eardere Nederlânsk Herfoarme tsjerke, no priveebesit en jout ûnderdak oan in sjongkoar. Efter de tsjerke is in pleintsje mei in wetterput. It doarp hat in iepenbiere basisskoalle, inkele sportfjilden, in supermerk en lyts winkelsintrum en in brún kafee. Ek is der in aktyf sportferieningslibben, mei fuotbal, kuorbal, gymnastykferiening. Sûnt 1999 hat it doarp in lyts privee museum mei meast eigentiidske keunst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noardenfjild | ||
---|---|---|
Doarpen: Roan • Altena • Feanhuzen • Ien • Langelo • Leutingewolde • Lieveren • Nietap • Nij-Roan • Noarch • Peest • Peize • Peizermade • Roaneries • Roanerwâlde • Steenbergen • Westervelde • Zuidvelde | ||
Buorskippen: Allardseach (foar in part) • Alteveer • Amerika • Boerlaan • Ien-West • De Streek • Foxwolde • Huis ter Heide • Klunderveen • Matsloot • Norgerfeart (foar in part) • Oostindië (foar in part) • Peizerwold • De Pol • Sandebuur • Terheijl | ||
· · |