Springe nei ynhâld

Ryksûnmidlikheid

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 okt 2021 om 20.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Ik docht it eart sa ris even. It einige yn 1806, dus it is eins allegear skiednis.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It dokumint dêr't de ryksfrijheid fan de stêd Bremen yn befêstige is
Ryksfrijheidsbrief fan de stêd Lübeck yn 1226

Ryksûnmidlikheid, ek wol ryksfrijheid neamd (Dútsk: Reichsunmittelbarkeit of Reichsfreiheit), wie yn it Hillige Roomske Ryk it steatsrjochtlik begryp foar persoanen, stêden, doarpen en lânsdielen dy't net oan in pleatslike lânshear, mar streekrjocht oan it Ryk en de keizer ûnderhearrich wiene.

Ryksfrijen, of ymmediaten, hiene rjocht op it ynbarren fan belesting en tol en sprekken fan rjocht. Hja beskikten yn de praktyk oer in grutte mjitte fan selsstannigens. De Fryske Seelannen, yn de snuorje fan de Fryske Frijheid, wiene ek ryksûnmidlik gebiet.

Soarten ryksfrijheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurde trije soarten ryksfrije persoanen of bestjoerlike ienheden ûnderskaat:

  • dyjingen dy't rjocht hiene persoanlik oan de Ryksdei mei te dwaan
  • dyjingen dy't troch in korporaasje fertsjintwurdige waarden
  • dyjingen dy't gjin rjocht hiene dy't op de Ryksdei te ferskinen

Ta de earste groep hearden de karfoarsten, foarsten en de ryksfrije biskoppen. De twadde groep bestie út de greven, de frije ryksstêden en de ryksfrije abten. Dy twa groepen foarmen tegearre de ryksstannen.

Mank deroan wie der in tredde groep, dy't bestie út ryksridders, in stikmannich kleasters en guon ryksdoarpen. De ryksfrije persoanen dêrûnder wiene oerbliuwende fazallen, dy't streekrjocht ûnderhearrich oan de keizer wiene, dêr't der yn de Midsiuwen in soad fan wiene. De ryksfrije gebieten kamen út de lêst oerbleaune kroandomeinen wei, dêr't der yn de Midiuwen in soad fan oan ryksfoarsten ferkocht of yn lien jûn waarden. De ryksfrijheid fan in soad gebieten waarden gauris bestriden troch oanswettende foarstedommen, sa as de greven fan Hollân en de biskoppen fan Utert en Bremen oanspraken diene op de Fryske lannen.

Mei de Reichsdeputationshauptschluss fan 1803 waard de ryksfrijheid fan prinsbiskopen, rykskleaster en de frije ryksstêden beëinge, of ek wol sein; mediatisearre. Yn de jierren dêrnei ferlearen ek de ridderkippen, greefskippen en lytsere foarstedommen harren ryksûnmidlikheid en waarden ûnderhearrich makke oan de gruttere foarstedommen. Mei it opheffen fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806 hold it bestean fan de ryksûnmidlikheid ek op.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: