Springe nei ynhâld

Geert Arend Roorda

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 sep 2021 om 08.28 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Moat by de tiid brocht wurde)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Geert Arend Roorda
persoanlike bysûnderheden
namme Geert Arend Roorda
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 2 maart 1988
berteplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
klupskiednis
spilet by SBV Excelsior
posysje Middenfjilder

Geert Arend Roorda (2 maart 1988, It Hearrenfean) is in Nederlânske fuotballer dy’t in kontrakt hat by SK It Hearrenfean, mar op it stuit is er ferhierd oan SBV Excelsior út Rotterdam. Roorda spilet syn measte wedstriden op it middenfjild.

Roorda begûn mei fuotbal by amateurklup fuotbalferiening Noardburgum. Fan syn achtste ôf komt hy út foar SK It Hearrenfean. Hy spile yn Oranje ûnder 17 en Oranje ûnder 19. Mei troch in ferskaat oan blessueren (bygelyks oan de ankel en de beide knibbels) hat hy net meidwaan kind oan it WK ûnder 18.

Yn oktober 2004 waard Roorda foar it earst oproppen foar Oranje ûnder 17. Hy spilet twa kwalifikaasje wedstriden foar it EK tsjin Armeenje en Turkije. Yn de wedstriid tsjin Turkije makket hy it doelpunt dat Nederlân nei ik EK yn Itaalje bringt. Dit EK moat hy misse troch in blessuer oan de heup. Wol spilet Roorda mei op it Wrâldkampioenskip ûnder 17 yn Peru. Hy wit mei syn ploech oant de heale finale ta te komme wêryn mei 4-0 fan Meksiko ferlern wurdt. Yn de wedstriid om ‘t tredde plak wint Nederlân al en pakt it it brûns. Roorda komt op it WK net fjirder as 75 spylminuten.

Roorda makket syn profesjonele debút foar It Hearrenfean op 20 septimber 2007 yn de thúswedstriid foar de UEFA Kup tsjin Helsingborgs IF (5-3). Syn earste doelpunt makket Roorda yn de thúswedstrijd tsjin NEC út Nymwegen, It Fean ferliest úteinlik mei 2-3. Foar Jong Oranje debutearret Roorda op 12 oktober 2007 yn de wedstriid mei Estlân om kwalifikaasje foar it Jeropeesk Kampioenskip yn 2009.

Op 9 jannewaris 2008 hat Roorda in kontrakt tekene dat him oant de simmer fan 2012 oan sk It Hearrenfean bynt.

Al sûnt de simmer fan 2008 hat Roorda te krijen mei in swiere blessuere oan de knibbel. It kapsel fan de knibbel is skansearre. Hjirtroch hat hy yn it seizoen 2009/2010 mar in hantsjefol wedstriden foar de klup spylje kind. Roorda kaam ûnder oaren yn aksje in de finale fan de KNVB-beker tsjin FK Twinte. Ek yn de tarieding op it nije seizoen hat Roorda te krijen mei blessueres oan syn knibbel, hjirtroch moat hy ûnder oaren de wedstriid om de Johan Cruijff Skaal misse.

Ein 2010 rûn Geert Arend Roorda staazje by it Deenske Esbjerg fB. De Denen wiene oertsjûge fan de kwaliteiten fan de middenfjilder. It kaam lykwols net ta in ferhier. Op 31 jannewaris 2011 waard yn de jûn bekend makke dat Roorda foar de rest fan it seizoen oan SBV Excelsior ferhierd wurde soe.[1]. Op 19 febrewaris makke er yn de wedstriid tsjin Willem II syn earste twa doelpunten foar Excelsior.

KNVB-beker
Winner - 2009
Seizoen Klub Wedstriden Doelpunten Kompetysje
2007/08 sc Heerenveen 22 2 Earedifyzje
2008/09 sc Heerenveen 4 0 Eeredifyzje
2009/10 sc Heerenveen 4 0 Eeredifyzje
2010/11 sc Heerenveen 4 0 Eeredifyzje
2010/11 SBV Excelsior 13 8 Eeredifyzje
Totaal 47 10

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1]"Roorda wordt verhuurd aan Excelsior"