Prikslydzjen op de Paralympyske Winterspullen
It Prikslydzjen stie fiif kear op it programma fan de Paralympyske Spullen. De earste kear wie op de Paralympyske Winterspullen 1980 yn Geilo, de lêste kear op de Paralympyske Winterspullen 1998 fan Nagano. Yn 1992 ûntbruts it prikslydzjen op de Paralympyske Winterspullen.
Prikslydzjen wie de Paralympyske tsjinhinger fan it reedriden. It prikslydzjen op de Paralympyske Spullen waard ienliks altyd dominearre troch de Noaren. Prikslydzjen is in sport foar sporters mei in lichaamlike beheining oan de fuotten.
Yn Nederlân wurdt dizze sport noch altyd aktyf beoefene troch sporters mei en sûnder beheinings.
Kwalifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sporters koene har foar de Paralympyske Spullen kwalifisearje troch oan it tiidslimyt te foldwaan dat steld wie troch it Ynternasjonale Paralympyske Komitee. Dêrnêst moasten de sporters dan ek noch foldwaan oan it tiidslimyt steld troch it Nasjonale Paralympyske Komitee. In tiid dy’t faak skerper wie dan de tiid fan it Ynternasjonale Paralympyske Komitee.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De sporters waarden yn klassen yndield op basis fan har beheining. Dat klassifikaasjesysteem makke it mooglik, dat sporters mei ienselde mate fan funksjonearjen mei inoar stride koene.
- Yn 1980 waarden de klassen oanjûn mei in Romeinsk sifer.
- Yn 1984 waarden de klassen oanjûn mei Gr folge troch in Romeinsk sifer.
- Fan 1988 oant 1998 waarden de ferskillende klassen oanjûn mei letters en sifers.
Dissiplines/ôfstannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Per ôfstân waarden yn ien as meardere klassen om de medaljes striden.
Edysje | m/f | Ofstannen | |||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
1980 | Manlju | 100 m | 500 m | 1500 m | |||
Froulju | 100 m | 500 m | 800 m | ||||
1984 | Manlju | 100 m | 300 m | 500 m | 1000 m | 1500 m | |
Froulju | 100 m | 300 m | 500 m | 700 m | 800 m | ||
1988 | Manlju | 100 m | 300 m | 500 m | 700 m | 1000 m | 1500 m |
Froulju | 100 m | 500 m | 700 m | 1000 m | |||
1994 | Manlju | 100 m | 500 m | 1000 m | 1500 m | ||
Froulju | 100 m | 500 m | 700 m | 1000 m | |||
1998 | Manlju | 100 m | 500 m | 1000 m | 1500 m | ||
Froulju | 100 m | 500 m | 1000 m | 1500 m |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Prikslydzjen op de Paralympyske Winterspullen | ||
---|---|---|
Geilo 1980 | Innsbruck 1984 | Innsbruck 1988 | Lillehammer 1994 | Nagano 1998 | ||
· · |
Sport op de Paralympyske Winterspullen | |
---|---|
Hjoeddeiske sporten: Alpineskyen | Biatlon | Rolstoelkurling | Skyrinnen | Slidehockey | Snowboarden | |
Sporten út it ferline: Prikslydzjen | |
· · |