Springe nei ynhâld

Ierdappelwurgens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 aug 2021 om 16.44 troch Drewes (oerlis | bydragen) (synonym)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kysten fan nematoaden op woartels fan ierdappels

Ierdappelwurgens of ieltsjesykte is in plantesykte op ierdappels dy’t feroarsake wurdt troch rûnwjirms (nematoade), út it skaai fan de ierdappelkyste-ieltsjes (Globodera). Der binne in grut tal soarten kyste-ieltsjes dy’t ek wurgens yn oare gewaaksen feroarsaakje, bygelyks it bitekyste-ieltsje of it klaverkyste-ieltsje.

Der binne op de ierdappel twa soarten syste-ieltsjes: Globodera rostochiensis (Ro) en Globodera pallida (Pa). De earste soarte is neamd nei it earste fynplak fan dizze sykte yn Jeropa oan it begjin fan de 20e iuw. Dat wie yn Rostok yn it noardeasten fan Dútslân. Binnen dy twa soarten komme ferskillende patotypen foar. Patotypen ferskille yn har fermogen om har te fermearderjen op resistinte rassen.

Kysten binne neat oars as opblaasde rûne froulike ieltsjes, 1 mm grut mei in leareftige hûd. Yn dy kysten sitte yn it oanbegjin sa’n 400 aaien mei jonge larven. Dy aaien kinne jierrenlang yn libben bliuwe, alle jierren stjert sawat in tredde fan de aaien.

Earst as der ierdappels yn de grûn set wurde, komme de larven út de aaien. Se wurde lokke troch lokstoffen út de ierdappelwoartels en krûpe nei de ierdappelwoartels.

De ferskillende kultivars fan ierdappel ferskille yn gefoeligens foar de ferskillende patotypen. It is mooglik om oan de hân fan in meunster út te meitsjen hokker patotypen yn de grûn sitte, en dêr de kar fan de rassen fan ôfhingje te litten.

Ierdappelwurgens, fan komôf út Súd-Amearika, is ûnderwilens in sykte dy’t wiid oer de wrâld ferspraat is. De spjeldekopgrutte kysten wurde transportearre mei oanhingjende grûn oan bygelyks ierdappelknollen, lânbou-ark of yn kluten fan poaters.

De sykte kin de opbringst gâns beheine. Yn oantaaste ierdappelgewaaksen ûntsteane plakken dêr’t de planten min groeie of deageane, de saneamde falplakken.

Om’t der noch altyd lannen binne dy’t úthâlde gjin ierdappelwurgens te hawwen, stelle se easken yn de ymport fan planten. Sa moatte alle gewaaksen fan de beammekweek dy’t nei Amearika eksportearre wurde, frij wêze fan oanhingjende grûn.

Foar de beammekweek is de sykte dêrom ek skealik. Hoewol’t de ieltsjes har allinnich fermearderje kinne op ierdappel en tomaat, moatte beammekwekers om dat grûntransport in ferklearring hawwe dêr’t op stiet dat de grûn frij is fan ierdappelwurgens. Yn Nederlân moat dy ferklearring oanfrege wurde by in troch de Plantesyktekundige Tsjinst oanwiist laboratoarium.

Bestriding fan ierdappelwurgens is net maklik. Ut te fieren bestridingsmaatregels binne de tylt fan in resistint ras, grûnûntsmetting mei bestridingsmiddels, it hantearjen fan in wachttiid fan op syn minst 6 jier, de tylt fan in fanggewaaks of in kombinaasje fan dy maatregels.

Foar it kweken fan trochkweekmateriaal of poaters is in jildige offisjele Undersyksferklearring IW (ierdappelwurgens) nedich. De Plantesyktekundige Tsjinst hat foar it ûndersyk de Nederlânske Algemiene Keuringstsjinst oanwiisd dy’t dy ferklearrings útjaan mei. As út in offisjeel IW-ûndersyk blykt dat in (part fan in) stik lân besmet is mei ierdappelsyste-ieltsjes, moat de Plantesyktekundige Tsjinst in besmetferklearring oplizze. Dy ferplichting is opnommen yn de EU-bestridingsrjochtline.

It Haadproduktskip Ikkerbou hat op fersyk fan de bouboeren de feroardering ierdappelwurgens fêststeld. Doel fan dy feroardering is om, oanfoljend op it oerheidsbelied, de besmetting mei ierdappelwurgens te behearskjen, fierdere fersprieding foar te kommen en de eksport fan trochkweekmateriaal (dêr’t de eask foar jildt dat dy IW-frij wêze moat) net op te kearen. It algemiene foarskrift is dat mar ién kear yn de trije jier op itselde stik lân ierdappels boud wurde meie.