Springe nei ynhâld

It Bolwurk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 jul 2021 om 22.35 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Bolwurk

It Bolwurk, Nederlânsk: Het Bolwerk, is sûnt 1973 in poppoadium foar hjoeddeiske muzyk yn Snits. It poadium is ûnderdiel fan Kultureel Kertier Snits.

It poadium is neamd nei it bastion It Bolwurk, tichtby it poadium. It Bolwurk stiet oan de tsjerkegrêft, neist de Noardertsjerke en sit yn de eardere Bolwerkschool. It poadium is yn de sechtiger jierren boud, en is lanlik besjoen, in middelgrut poadium. It gebou is yn 2009 folslein renovearre.

Yn It Bolwurk hawwe ferskate bekende nammen optreden, lykas The Offspring en Herman Brood. Yn de hjoeddeiske programmearring fan It Bolwurk binne hast alle hjoeddeiske muzykstilen fertsjintswurdige, ynklusyf berne- en (muzyk)teäterfoarstellings.

Yn It Bolwerk waard de finale hâlden fan it jierlikse popkonkoers fan Fryslân, De Lytse Priis fan Snits. It Bolwurk wûn yn 2007 de Fryske Poppriis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: