Sjoerd Soeters
Sjoerd Soeters (Nes, 2 augustus 1947) is in Nederlânsk arsjitekt.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Soeters wie soan fan in hûsdokter. Fan 1966 oant 1975 studearre er boukunde oan de Technyske Hegeskoalle Eindhoven. Dêrnei gie er oan it wurk by arsjitekteburo VDL yn Amsterdam. Yn 1979 rjochte Sjoerd Soeters tegearre mei syn frou Merle Soeters-Stefels in arsjitekteburo yn harren hûs oan de Prinsegrêft. Tsien jier letter kaam it buro yn in Baptistetsjerke oan de Tsjerkestrjitte yn it sintrum fan Amsterdam.
Yn 1997 kaam Jos van Eldonk by de maatskip dy't doe de namme Soeters Van Eldonk architekten krige. Dana Ponec kaam 2001 yn de direksje dat de namme waard wer feroare yn Soeters Van Eldonk Ponec architekten. Dana Ponec begûn yn 2007 foar harsels, dat it is no wer Soeters Van Eldonk architekten. De direksje fan no bestiet út de twa freonen en Paul van Rongen, dy't direkteur projektorganisaasje is.
De maatskip Soeters Van Eldonk arsjiteten hat sa'n 55 meiwurkers.
Fan 1990 ôf oan wie Soeters supervisor foar ferskate bouprojekten, lykas Sirkus Zandvoort, it Java-eilân yn Amsterdam en Haverleij yn Engelen by De Bosk dêr't er it stedsboukundich ûntwerp foar makke.
Soeters siet ek efter it gebouwekompleks De Piramides yn Amsterdam en it nije sintrum fan Saandam: Inverdan.