Springe nei ynhâld

Eem

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jun 2021 om 15.03 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Eem

De Eem is in rivier yn it noarden fan de provinsje Utert mei in lingte fan hast 18 kilometer.

De âlde (Latynske) namme fan de rivier is Hemus. Dizze namme waard foar it earst brûkt yn in dokumint út it jier 777. De Eem waard eartiids ek wol Amer neamd. Amersfoart krige syn namme troch in furde yn de Amer.

De Eem wurdt fieden troch it Falleikanaal en in oantal Feluwske beken, wêrfan de Hilligenbergerbeek, de Barneveldske Beek en de Lunterske Beek de wichtichsten binne. Dizze komme by Amersfoart byinoar. De rivier rint dêrnei eastlik fan Soest, Baarn en Eemnes, troch de Eemfallei nei de Eemmar (earder nei de Sudersee). De Eem is ferantwurdlik foar it grutste part fan de ôfwettering fan de Gelderske Fallei. De Eempolders binne lânskiplik fan grutte wearde. De plakken Eemnes, Eemdijk en Eembrugge ûntliene harren namme oan de rivier de Eem.

Troch boaiemsakjen as gefolch fan ûntwettering is de rivier heger te lizzen kaam as it lân der omhinne. By lege wetterstannen yn de simmer wurdt der wetter út de Nederryn troch it Falleikanaal yn de Eem pompt. De Eem is de wichtichste boarne fan de biologyske belesting fan de Eemmar, dat hjirtroch efterbliuwt mei it werstel yn fergelyk mei de oare rânemarren. Der is in grutte ôfname fan de absolute hoemannichte fosfaat en nitraat, mar relatyf besjoen wurdt dit teneate dien troch de ôfnomde hoemannichte wetter yn 2003.

De Eem krige syn namme troch it Eemien, de waarmere perioade tusken de glasialen Saalien en it Weichselien, wêryn de rivier it teiwetter ôffierde.

De Eem wurdt wol de langste rivier fan Nederlân neamd. Langere Nederlânske rivieren hawwe nammentlik of in streamgebiet dat foar in part bûten de lânsgrinzen leit of in mûning yn in oare rivier. De Eem begjint en einiget yn Nederlân.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]