Jesse Klaver
Jesse Feras Klaver (Roosendaal, 1 maaie 1986) is in Nederlânsk politikus fan GrienLinks. Sûnt 2010 is er Twadde Keamerlid foar GrienLinks en sûnt 12 maaie 2015 fraksjefoarsitter. Earder wie er foarsitter fan CNV Jongerein, it jongereinbûn fan it Kristlik Nasjonaal Fakferbûn.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn heit is Marokkaansk en syn mem wie Nederlânske fan Indyske komôf. Syn pake fan syn mem har kant spile in grutte rol yn syn opfieding. Tusken 1999 en 2004 folge er it vmbo oan de Frije Skoalle Michael Kolleezje yn Prinsebeek.
Hy wie tusken 2006 en 2009 lid fan it bestjoer fan DWARS, de jongereinorganisaasje fan GrienLinks. Hy wie earst duo-foarsitter fan de organisaasje, letter sekretaris en dêrnei foarsitter. As foarsitter stipe er de "frijheidsleafhawwende koers fan partijlieder Halsema" tsjinoer mear kommunitêr oriïntearre groepen as Kritysk GroenLinks. Klaver sette him dêrnjonken yn foar de profesjonalisearring fan DWARS. Njonken syn bestjoerswurk studearre er yn 2008 ôf oan de oplieding Social Work oan Avans Hegeskoalle en folge er in skakelprogramma om talitten te wurden ta de master politikology oan de Universiteit fan Amsterdam. Mei it skakelprogramma is er foartidich opholden.
Klaver waard op 17 septimber 2009 beneamd ta foarsitter fan CNV Jongerein. Hy folge dêrmei Klaas Pieter Derks op. Klaver woe as foarsitter minder de klam lizze op it kristlike karakter fan it CNV. Hy spruts him út as foarstanner fan de ferheging fan de AOW-leeftiid nei 67. Op 1 desimber 2009 waard er lid fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried. Mei syn trijentweintich jier wie er it jongste SER-lid oant doe ta. Yn 2016 waard er opfolge as jongste SER-riedslied ea troch Kristina van der Molen fan FNV Jong. Njonken syn foarsitterskip fan CNV Jongerein wie er ûnder oare lid fan de programmakommisje fan GrienLinks, fan it bestjoer fan it Kristlik Sosjaal Jongereinkongres en oprjochter fan de klimaatorganisaasje Jongerein Kopenhagen Koalysje. Hy waard as CNV Jongereinfoarsitter opfolge troch IJmert Muilwijk.
Twadde Keamer (2010-2017)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In 2010 kundige Klaver syn kandidatuer oan as Keamerlid foar GrienLinks. De kandidatekommisje advisearre om him in plak by de earste fiif op de kieslist foar de Twadde Keamerferkiezingen te jaan. It partijkongres sette him úteinlik op it sânse plak fan de kandidatelist. De partij helle 10 sitten, wêrtroch't er ferkeazen waard. Hy behelle 2.466 foarkarstimmen. Klaver waard yn de Twadde Keamer wurdfierder foar sosjale saken en wurkgelegenheid, ûnderwiis en sport. Hy hold syn maidenspeech oer it heger ûnderwiis.
In 2010 waard Klaver nominearre foar de priis polityk talint fan it jier. Foar de Twadde Keamerferkiezingen 2012 wie Klaver de kampanjelieder fan GrienLinks en stie er as nûmer fjouwer op de kieslist. Hy behelle 3.351 foarkarstimmen. GrienLinks helle fjouwer sitten. Dêrfan wie ien in restset, wêrop't Klaver ferkeazen waard. Yn jannewaris 2013 hold Klaver in TEDtalk foar it praatprogramma Pauw & Witteman. Syn petear waard keazen ta de bêst yn in searje fan fiif jonge politisy.
Hy wie wurdfierder finânsjes, lânbou, natuer, bistewolwêzen, ûnderwiis, kultuer en wittenskip. Klaver wie lid fan de kommisjes foar Bûtenlânske Saken, Definsje, Jeropeeske Saken, Ekonomyske Saken, Finânsjes, Underwiis, Kultuer en Wittenskip, Ryksútjeften, Sosjale Saken en Wurkgelegenheid, Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en de Wurkwize.
Yn 2013 brocht er mei Lutz Jacobi (PvdA) en Stientje van Veldhoven (D66) de inisjatyfnota Mooi Nederlân út, dy't ta doel hie de beskerming fan natuer, lânskip, flora en fauna te ferbetterjen. Hy tsjinne ek in inisjatyfwetsfoarstel yn om troch transparantens it itensfergriemen te ferminderjen. Klaver helle yn 2013 it ynternasjonale nijs mei syn ferset tsjin belestingûntdûking. Yn 2014 brocht er it oanfalsplan "Kânsen foar bern foar it vmbo" út.
De Frânske ekonoom Thomas Piketty waard op inisjatyf fan Klaver yn oktober 2014 troch de Twadde Keamer útnûge foar in harksitting. De oanpak fan belestingûntwiking is in prioriteit fan Klaver, wêroer't er ek kontakten ûnderhâldt mei âld-GrienLinks-spindoctor Tom van der Lee, tsjintwurdich kampanjedirekteur fan Oxfam Novib.
In jier letter soarge Klaver foar opsjen mei syn útspraken tsjin presidint-kommissaris fan ABN AMRO, Rik Baron van Slingelandt, yn in rûnetafelpetear yn de Twadde Keamer oer beleaningen fan topbestjoerders yn de finansjele sektoer dat er "net witte woe yn hokker universum" de bankier libbe. Dit sei er om't Van Slingelandt in resint takende bonus oan de top fan ABN AMRO ferdigene. Sjoernalist Fons de Poel neamde Klaver dêrop yn it programma Brandpunt in "snotnoas" en mocht fan syn omrop it programme net langer presintearje.
Op 12 maaie 2015 liet Bram van Ojik witte dat Klaver him opfolge als fraksjefoarsitter. Dêrop brocht er syn boek De mite fan it ekonomisme út, wêryn't Klaver syn politike idealisme útienset en fertelt hoe't er de hieltyd sterkere tendins tsjingean wol om eltse maatskaplike kwestje te redusearjen ta in rekkensom. Yn De Bestseller 60 klom it boek yn de twadde wike nei it fyfde plak.
Op 7 desimber 2015 ferklearre Klaver yn it programma De Wereld Draait Door dat er fleksitariër is en dat er trije kear yn 'e wike fleis yt. Neffens Klaver "is fleis ite gjin probleem, dêr is neat mis mei, mar de mate wêryn't we fleis ite, is absurd. We soenen mei ús allen minder fleis ite moatte."
Syn twadde boek, De empatyske maatskippij, presintearre Klaver op 14 novimber 2016.
Twadde Keamer (fan 2017 ôf)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de kampanje foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2017 besoarge Klaver troch syn optreden GrienLinks in hege útslach. Klaver die yn earste ynstânsje dêrom ek mei oan de formaasje-ûnderhannelingen. Dy earste formaasjepoging rûn stikken om't de partijen it net iens wurde koenen oer de tema's klimaat en yntegraasje.
Yn augustus 2017 wie der ophef oer de dokumintêre Jesse troch produsint Janneke Doolaard op basis fan filmbylden Joey Boink. De film wie bedoeld om in ynsjoch te jaan yn de opkomst fan Klaver by de Twadde Keamerferkiezingen 2017. Op de film, yn opdracht fan BNNVARA, kaam - foar't dy útstjoerd wie - krityk, benammen út rjochtse hoeke. De direkteur fan de omrop, Gerard Timmer, besleat doe de film net op telefyzje út te stjoeren. De dokumintêre gie yn premjêre yn teäter Carré.
Persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klaver is sûnt 3 maaie 2013 troud en hat twa soanen.
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jesse Klaver: De empathische samenleving. Amsterdam, De Bezige Bij, 2016. ISBN 978-90-234-5554-7
- Jesse Klaver: De mythe van het economisme. Pleidooi voor nieuw idealisme. Amsterdam, De Bezige Bij, 2015. (4e druk: ISBN 978-90-234-9695-3)