Springe nei ynhâld

Loe de Jong

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mai 2021 om 20.48 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Loe de Jong by it oanbieden fan it boek 'De bezetting' (1966)

Louis (Loe / Lou) de Jong (Amsterdam, 24 april 1914 — dêre, 15 maart 2005) wie in Nederlânsk histoarikus en sjoernalist.

Lou de Jong is meast bekend wurden troch syn fjirtjindielige wurk Het Koninkrijk der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog dat - op it lêste diel nei - hielendal fan syn hân is en lange tiid beskôge waard as it standertwurk oer Nederlân en Nederlânsk-Ynje yn de Twadde Wrâldkriich.

Op 15 septimber 1945 waard it Ryksynstitút foar Oarlochsdokumintaasje (ôfkoarte as 'RIOD', no it Nederlânsk Ynstitút foar Oarlochsdokumintaasje, yn 't koart NIOD) oprjochte; De Jong waard direkteur, in posysje dy't er oant syn pensjoen yn 1979 ta besette soe.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Titeloersjoch side Keninklike Bibleteek