Springe nei ynhâld

Garmerwolde

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 mrt 2021 om 19.43 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Garmerwolde
Himrik fan Garmerwolde
Provinsje Grinslân
Gemeente Grins (gemeente)
Ynwenners (2020) 490
Koördinaten 53°14'52"N 6°38'55"E
Netnûmer 050
Postkoade 9798
Webstee www.garmerwolde.net

Garmerwâlde (offisjeel: Garmerwolde; Grinslannersk: Gaarmerwold of Gaarmwol) is in doarp yn de gemeente Grins. It doarp leit eastlik fan de stêd Grins en foar in part oan it Damsterdjip en hearde oant 2019 by de gemeente Ten Boer.

Yn de midsiuwen bestie it gebiet út fean. De ferkavelingspatroanen litte sjen dat it doarp ûntstien is troch it oanmeitsjen fan it lân fanôf de westlike kant fan de Fivelboezem. Leadrjocht op de ferkavelingsrjochting ûnstiene der assen mei bewenning, werfan't Garmerwâlde de lêste wie. Dernei stjitten se op it oanmeitsjen fanôf de westlike kant fan de Hunze, fan wêrút Noarddyk ûntstie. De Borchsleat (Borgsloot) foarmet de grins tusken de twa ferkavelingsassen.

De earste bewenning yn Garmerwâlde datearret út de 11e of 12e iuw. Yn de omkriten fan it doarp hawwe eartiids twa boargen stien. Nei alle gedachten is it doarp nei ien fan de boargen, Gelmersma, ferneamd. De oare boarch wie de Tackenboarch.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Garmerwâlde.

De romanogoatyske tsjerke fan it doarp mei de frijsteande toer datearret út likernôch 1250.

Tusken Garmerwâlde en Thesinge stiet de Langelandstermûne, in poldermûne út 1829.