Springe nei ynhâld

Haikû

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 jan 2021 om 22.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In lytse koekoek boppe in hortinsia, troch Buson Yosa.

In haikû (fan it Japanske 俳句, haikai, "fers", meartal: haiku) is in koarte, fan oarsprong Japanske foarm fan dichtkeunst, dy't karakterisearre wurdt troch de folgjende skaaimerken:

  • 3 dichtregels, wêrfan't de earste bestiet út 5, de twadde út 7 en de trêde wer út 5 wurdlidden;
  • de kiru ("it snijen"), de essinsje fan 'e haikû, wurdt ornaris werjûn troch it njonkeninoar pleatsen fan twa bylden of ideeën, dy't ferbûn wurde troch in kireji ("snijwurd"), in soarte fan ferbaal ynterpunksjeteken dat de oergong fan it iene byld of idee nei it oare oanjout, en fertsjutsket wat de beide njonkeninoar pleatste eleminten mei-inoar te krijen hawwe;
  • in kigo, in ferwizing nei de tiid fan it jier, dy't yn 'e regel ûntliend wurdt oan in saijiki, in lange mar fêste list fan sokke wurden.

Yn it Japansk wurde haikûs tradisjoneel yn ien inkele fertikale line ôfprinte, mar yn Westerske talen is it wizânsje om se yn trije ûnderinoar steande dichtregels wer te jaan.

De haikû ûntstie yn 'e santjinde iuw út 'e ûnderlinge wediver fan ferskate grutte Japanske dichters, dêr't Matsuo Bashi de meast ferneamde fan is. Lange tiid fungearre it ûnder de beneaming hokku as de oanset ta it langere keatlingdicht renga. Pas oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ferselsstannige de dichter Masaoka Shiki de haikû ûnder syn hjoeddeistige namme. Moderne Japanske haikû's, of gendai-haiku, stappe wat langer wat mear ôf fan it idee dat in fers mar 17 wurdlidden hawwe mei, of dat it ûnderwerp de natoer wêze moat. De njonkeninoarpleatsing bliuwt lykwols fan grut belang. Fierders bestiet der in frij algemien, mar relatyf resint, gefoel dat de beide njonkeninoar pleatste eleminten dingen of foarfallen wêze moatte dy't yn it aldendeiske libben waarnommen wurde kinne.

Ien fan 'e meast ferneamde haikû's (eins in hokku), skreaun troch Matsuo Basho, giet sa:

Furu ike ya
Kawazu tobikomu
Mizu no oto

Och, âlde fiver
In kikkert springt deryn
It lûd fan wetter

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.