Fredericus Anna Jentink
Fredericus Anna Jentink | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 augustus 1844 | |
stoarn | 4 novimber 1913 (69 jier) | |
stjerplak | Leien | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Biolooch/Soölooch | |
reden bekendheid |
Undersyk sûchdieren |
Fredericus Anna Jentink (Wymbritseradiel, 20 augustus 1844 – Leien, 4 novimber 1913) wie in Nederlânsk soölooch fan Frysk komôf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jentink promovearre yn 1875 oan de Universiteit fan Leien ta doktor yn de soölogy mei it proefskrift Over Systematiek en Generatie Organen van Naakte Pulmonaten. Hy waard dat jier konservator oan it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoary yn Leien. Yn 1884 folge er Hermann Schlegel op as direkteur fan it museum, in funksje dy't er oant syn ferstjerren yn 1913 útoefene. Hy wie ek redakteur fan it tydskrift Notes from the Leyden Museum. Yn 1895 wie er foarsitter fan it tredde ynternasjonaal soölogysk kongres, dat yn Leien holden waard. Hy wie itselde jier ek ien fan de stichters fan de International Commission on Zoological Nomenclature (ICZN).
Jentink syn wittenskiplik wurk wie foaral rjochte op de systematyk fan de sûchdieren. Hy is de wittenskiplike skriuwer fan stúdzjes nei mear as ien soart fan kjifdieren, flearmûzen en rôfbûdeldieren, ûnder mear fan Lorentz' bûdelmûs út Nij-Guineä, de wytwjukfampierflearmûs út Latynsk-Amearika en Müllers rôt fan Malakka, Sumatra en Borneo.
Yn 1908 beskreau er de sûchdieren dy't in jier earder sammele wiene ûnder de Earste Súd-Nij-Guinea Ekspedysje, laat troch Hendrikus Albertus Lorentz.[1]
Jentink wie ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.[2]
Oldfield Thomas ferneamde de Jentinkdûker en it iikhoarntsje Sundasciurus jentinki nei F.A. Jentink.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fredericus Anna Jentink (1844–1913). Yn: Notes from the Leiden Museum, Bd. 36, 1913. S. 254
- Bo Beolens, Michael Watkins, Michael Grayson: The Eponym Dictionary of Mammals JHU Press, 2009, ISBN 9780801893049: S. 211–212
- L. B. Holthuis: 1820 - 1958 Rijksmuseum van Natuurlijke Historie C.h.j.m. Fransen, C. van Achterberg, P.j. van Helsdingen (wúj.) Nationaal Natuurhistorisch Museum 1995 (PDF online)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Virtual International Authority File (VIAF): 223155391
- Holthuis, Lipke B. Rijksmuseum van Natuurlijke Historie: 1820-1958. Nasjonaal Natuerhistoarysk Museum, 1995.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Frysk soölooch
- Frysk konservator
- Frysk museumdirekteur
- Frysk tydskriftredakteur
- Nederlânsk soölooch
- Nederlânsk konservator
- Nederlânsk museumdirekteur
- Nederlânsk tydskriftredakteur
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)
- Persoan berne yn 1844
- Persoan stoarn yn 1913