Springe nei ynhâld

Hurddraversdyk (De Jouwer)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2020 om 08.53 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hurddraversdyk

De Hurddraversdyk is in strjitte op De Jouwer. De ien kilometer lange dyk rint fan de Midstrjitte en Heremastate nei it westen en komt út op de rotonde Sewei-Pasteurwei-Tramwei.
De Hurddraversdyk is ûntstien as ûnderdiel fan de grutte polderdyk út 1716 om De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne hinne. De dyk wie begjin tweintichste iuw al in ferhurde strjitwei. De namme is sûnt 1797 al bekend en krige syn namme trochdat der hurddraverijen fan hynders hâlden waarden. De dyk wie doe noch in sânpaad, dêr't de hynders fan Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen treend waarden. Valerius wie de âldste soan fan grytman P.B.J.Vegelin van Claerbergen (1808-1879). Oan de dyk leit de Nutsbaan dêr't sûnt 1928 hurddraverijen foar hynders hâlden wurde troch Hurddraverij en Rinferiening De Jouwer.

Fan 1886 oant 1921 rûnen bylâns de dyk de reels fan de tramline tusken De Jouwer en Snits. De lêste tram ried op 25 febrewaris 1921 troch de Midstrjitte en dan oer de Hege Simmerdyk. It spoar lei oan de lofter kant fan de Hurddraversdyk, oan de oare kant fan de dyk wie in feart.

Oan de Hurddraversdyk stiene eartiids de Iepenbiere MULO út 1919, en de grifformearde tsjerke (1922) en Busûndernimming Slof.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: