X-Rated Critics Organization
X-Rated Critics Organization | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | XRCO | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | filmkrityk op pornofilms | |
haadkertier | Los Angeles (Kalifornje) | |
oprjochte | 1984 | |
oprjochter | Jim Holliday | |
offisjele webside | ||
www.xrco.com |
De X-Rated Critics Organization (Ingelsk foar: "Organisaasje fan Kritisy fan Films foar Folwoeksenen"), ornaris ôfkoarte ta XRCO, is in Amerikaanske feriening fan filmkritisy en redakteurs út 'e pornoyndustry dy't sûnt 1984 elts jier de XRCO Awards útrikt
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De XRCO waard yn 1984 oprjochte nei de kontroverse dy't earder dat jiers ûntstie doe't by de AFAA Awards, de wichtichste doetiidske prizen fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, de priis yn 'e kategory bêste film wûn waard troch Virginia. Dat wie dúdlik net de bêste film, en der kaam krityk dat de AFAA Awards har skuldich makke hiene oan freontsjespolityk of sels korrupsje. Yn 'e neisleep fan dy affêre besleat in groep filmkritisy en redakteurs út 'e pornoyndustry in groep eigen prizen yn te stellen. Dêrta waard doe de XRCO oprjochte.
De earste leden fan 'e feriening kamen út Los Angeles, New York en Philadelphia. De foaroansteande pornoprodusint en -histoarikus Jim Holliday wurdt beskôge as de oprjochter fan 'e XRCO. Nei syn ferstjerren, yn 2004, waard de post fan offisjeel XRCO-histoarikus oant 2006 tydlik beklaaid troch Bill Margold, in oar lid fan 'e earste oere. Ek James Avalon, in eardere redakteur fan 'e spesjale edysjes fan Adam Film World, wie fan it begjin ôf oan belutsen by de XRCO. Yn 2005 liet de XRCO foar it earst Jeropeänen ta as lid fan 'e feriening.
Leden en bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de leden fan 'e XRCO binne anno 2019 filmkritisy dy't ferbûn binne oan in breed skala fan papierrene en online-publikaasjes. Foar in protte fan harren is it resinsearjen fan pornofilms in foltiidbaan. Guon hawwe universitêre opliedings folge op it mêd fan film en filmkrityk. Der is gjin kontribúsje oan it lidmaatskip fan 'e XRCO ferbûn. XRCO-leden wurde elts jier troch de feriening beoardiele om te bepalen oft se noch wol aktyf binne yn 'e pornoyndustry en noch kwalifisearre binne om diel te nimmen oan it proses dat de XRCO Awards tapartet troch in nominaasje en in stimming. As men net oan 'e betingsten foldwaan kin, wurdt men oanmurken as 'ynaktyf' en mei men net meistimme. As it jiers dêrop fêststeld wurdt dat men noch hieltyd net oan 'e betingsten foldocht, rekket men jins lidmaatskip kwyt.
XRCO Awards
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side XRCO Awards.
De XRCO Awards binne in groep prizen foar de as bêste beoardiele prestaasjes fan 'e pornoyndustry fan it foargeande kalinderjier. Der binne 27 ûnderskate kategoryen, dy't útinoar rinne fan 'bêste film' en 'bêste aktrise' oant ynhuldiging yn 'e XRCO Hall of Fame. De prizen wurde útrikt by in seremoanje yn Hollywood dy't elts jier yn 'e maityd holden wurdt foàr de twadde wike fan april.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|