Heksalogy
In heksalogy, fan it Grykske ἑξα-, hexa- ("seis"), en -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is in searje fan seis wurken op it mêd fan 'e skiene keunsten, dy't mei-inoar ferbûn binne en sjoen wurde kinne as ien inkeld lang wurk of as seis losse mar nau besibbe wurken. Heksalogyen komme benammen foar yn 'e literatuer, as romansearjes fan seis boeken. Analooch oan in heksalogy wurdt in searje fan twa wurken wol in duology neamd, ien fan trije wurken in trilogy, ien fan fjouwer wurken in tetralogy, ien fan fiif wurken in pentalogy en ien fan sân wurken in heptalogy. It wurd 'heksology' waard ynsafier bekend yn 1859 foar it earst brûkt troch Frânske dichter, skriuwer en literatuerkritikus Théophile Gautier. In foarbyld fan in heksalogy út 'e moderne literatuer is de Firekeeper Saga fan Jane Lindskold, dy't bestiet út 'e romans Through Wolf's Eyes; Wolf's Head, Wolf's Heart; The Dragon of Despair; Wolf Captured; Wolf Hunting; en Wolf's Blood.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |