Springe nei ynhâld

Rosebud (rivier yn Montana)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 okt 2020 om 22.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Rosebud is in rivier yn 'e Amerikaanske steat Montana. De rivier ûntspringt súdlik fan it Beartoothberchtme, deunby de grins mei Wyoming. It is gjin lange rivier, en hy mûnet al rillegau út yn 'e Stillwater, dat sels wer in sydrivier fan 'e Yellowstone is. De Rosebud foeget frijwat wat wetter oan 'e Stillwater ta, mar ek in protte silt. Dat komt foar it meastepart út 'e Butcher Creek, dat wer in sydstream fan 'e Rosebud is. De Rosebud is bekend fan 'e Slach oan 'e Rosebud, yn 1876, dy't oan 'e igge fan it rivierke útfochten waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.