Springe nei ynhâld

Donna Tartt

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 okt 2020 om 16.53 troch PieterJanR (oerlis | bydragen) (Linkfix)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Donna Tartt
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Donna Tartt
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 23 desimber 1963)
berteplak Greenwood (Mississippy)
wurk
taal Amerikaansk-Ingelsk
sjenre Roman, novelle, koart ferhaal
streaming Neo-romantyk
bekendste
  wurk(en)
The Secret History (1992)
The Little Friend (2002)
The Goldfinch (2013)
prizen U.o WH Smith Literary Award (2003)
Pulitzer Prize for Fiction (2014)
Andrew Carnegie Medal for Excellence in Fiction
jierren aktyf 1992-no


Donna Tartt (Greenwood (Mississippy), 23 desimber 1963) is in Amerikaanske skriuwster.

Tartt studearre tagelyk mei auteur Brett Easton Ellis klassike talen en filosofy oan Bennington Kolleezje yn Vermont. Yn 1992 debutearre hja mei de roman "The Secret History" ("De Ferhoalen Skiednis"), oer seis studinten klassike talen, dy't sykje nei de ferfoering sa't dy troch Euripides beskrean waard yn syn toanielstik 'Bakchai'. Hjiryn wurdt ferskate kearen ferwiisd nei de berûzing dy't de maenaden, de froulike folgelingen fan Dionysos, berikke en wêryn't sy yn bisten ferskuorre, geslachtsferkear hawwe en soks sawat, yn in geastlike tastân fan útsinnigens. Wilens harren syktocht giet er it ien en oar net goed. Dit boek smiet foar Tartt in protte priizgjende kritiken op, dat de ferwachtings foar har twadde boek wiene grut. Dit ferskynde yn 2002, "The Little Friend" ("De Lytse Freon"). Yn 2004 ferskynde in koart ferhaal, "Sleepytown: A Southern Gothic Childhood, with Codeine" (Nederlânske titel:Het Land Van De Papaver).

  • The Secret History - (De Ferhoalen Skiednis) De Bezige Bij, 1992
  • The Little Friend - (De Lytse Freon) De Bezige Bij, 2002
  • The Goldfinch - (It Puttertke) De Bezige Bij, 2013

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • “A Christmas Pageant.” Harper’s 287.1723. desimber 1993, side 45+.
  • “A Garter Snake.” GQ 65.5, maaie 1995, side 89+.
  • “Het Land Van De Papaver” De Bezige Bij, 2004
  • “Basketball Season.” The Best American Sports Writing, Houghton Mifflin, 1993.
  • “Team Spirit: Memories of Being a Freshman Cheerleader for the Basketball Team.” Harper’s 288, april 1994, side 37-40.

Tartt hat in stikmannich harkboeken opnaam:

  • The Secret History
  • The Little Friend (ynkoarte)
  • True Grit (mei in neiwurd oer har leafde foar de roman)
  • Winesburg, Ohio (karút)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]