Springe nei ynhâld

Pat Nixon

Ut Wikipedy
De ferzje fan 24 okt 2020 om 12.19 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Jonkheid, oplieding en gesin: bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Pat Nixon
politikus
echte namme Thelma Catherine Ryan Nixon
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 16 maart 1912
berteplak Ely (Nevada)
stjerdatum 22 juny 1993
stjerplak Park Ridge (Nij-Jersey)
etnisiteit Dútsk
Iersk
partij Republikeinske Partij
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19691974
foargonger Lady Bird Johnson
opfolger Betty Ford
Second Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19531961
foargonger Jane Hadley Barkley
opfolger Lady Bird Johnson

Pat Nixon, berne as: Thelma Catherine Ryan (Ely (Nevada), 16 maart 1912Park Ridge (Nij-Jersey), 22 juny 1993), wie de frou fan 'e Amerikaanske presidint Richard Nixon. Hja wie second lady fan 'e Feriene Steaten (fise-presidintsfrou) fan 1953 oant 1961, en first lady fan 'e Feriene Steaten (presidintsfrou) fan 1969 oant 1974.

Jonkheid, oplieding en gesin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ryan waard berne yn Ely, yn 'e steat Nevada, mar groeide op yn Cerritos, yn Kalifornje (dat doedestiden noch Artesia hiet). Har heit wie William M. Ryan sr., in seeman, mynwurker en grientekweker mei Ierske foarâlden, wylst har mem, Katherine Halberstadt, in Dútske ymmigrante wie. Har mem stoar yn 1924 oan kanker, doe't Ryan tolve jier wie. Dêrnei naam sy it húshâlden op har foar har heit, dy't yn 1929 stoar oan stoflong, sadat Ryan op har santjinde wees waard. Se hie lykwols twa âldere bruorren en in healbroer en in healsuster út har memme earste houlik. Har bynamme "Pat" waard har jûn troch har heit, ferwizend nei harren Iersk komôf (Sint Patrick is de beskermhillige fan Ierlân). Yn 1931 liet Ryan har wiere namme Thelma alhiel falle, en brûkte allinne noch Pat, of hiel soms Patricia; dat wie lykwols gjin offisjele feroaring, inkeld in persoanlike foarkar.

Ryan genoat fan 1931 ôf heger ûnderwiis oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, te Los Angeles. Dy oplieding bekoste hja mei in ferskaat oan baantsjes, û.m. as aptekersassistinte, typiste, siktaresse, betsjinster fan röntgenapparatuer en winkelbetsjinde. Yn 1937 studearre se cum laude ôf mei in bachelorstitel yn detailhannel en it foech om les te jaan oan 'e middelbere skoalle. Se fûn wurk oan in skoalle yn Whittier (Kalifornje), dêr't se fia in amateurtoanielferiening yn 'e kunde kaam mei in jonge abbekaat dy't fan Richard Nixon hiet. Fan syn kant wie it leafde op it earste gesicht; foar har duorre it frijwat langer, mar úteinlik trouden se op 21 juny 1940. Se krigen twa bern: Tricia (1946) en Julie (1948).

Richard en Pat Nixon op 'e Sineeske Muorre (by harren steatsbesyk oan 'e Folksrepublyk Sina, yn 1972).

Ryan gie trou mei har man op kampanje om dy syn politike karriêre as lid fan 'e Republikeinske Partij oan 'e gong te helpen. Yn 1942 ferfearen se nei Washington, D.C., dêr't Nixon fan 1947 oant 1950 foar Kalifornje sit hie yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1950 oant 1953 yn 'e Senaat. Fan 1953 oant 1961 ferfolle er ûnder presidint Eisenhower it amt fan fise-presidint. Ryan ûndernaam dêrnei withoefolle p.r.-missys mei har man, en wist de parse oan har kant te krijen. Se stie Nixon by yn sawol syn fergese presidinsjele kampanje fan 1960, doe't er it ôflizze moast tsjin John F. Kennedy, as de kampanje fan 1968, dy't er, mei fanwegen de ynterne ferdieldheid fan 'e Demokratyske Partij, glânsryk wûn.

As first lady hold Ryan har dwaande mei in ferskaat oan goede doelen, en ek mei it ûnderhâld en de útwreiding fan 'e kolleksje keunst en histoarysk meubilêr fan it Wite Hûs, wêrby't se fuortborduere op Jackie Kennedy har bekendere wurk op dat mêd. Under Ryan har tafersjoch waarden der mear as 600 nije stikken oankocht, mear as yn hokker regearperioade foartiid of neitiid ek. Fierders reizge se de wrâld yn 't rûn, sawol yn it selskip fan har man, lykas by dy syn ferneamde steatsbesyk oan 'e Folksrepublyk Sina, as allinnich. Op eigen manneboet brocht se bgl. as earste first lady yn 'e skiednis in besyk oan Afrika, dêr't se Libearia, Gana en Ivoarkust oandie. Mei dy reis, en mei lettere besiken oan Súd-Amearika, fertsjinne se de bynamme Madame Ambassador ("Mefrou de Ambassadeur"). Yn Súd-Fjetnam dronk se tee mei de frou fan presidint Nguyễn Văn Thiệu, besocht se in weeshûs, en bejoech se har doe (as iennichste first lady ea) letterlik yn 'e fjoerliny, doe't se Amerikaanske troepen besocht dy't yn 'e jungle op patrûlje wiene. Nei't Nixon yn 1972 werkeazen wie as presidint, kaam yn it saneamde Watergate-skandaal oan it ljocht dat er syn Demokratyske tsjinstanner George McGovern ûnder de kampanje op klandestine wize de foet dwers set hie. Mei troch syn eigen koppich folhâlden dat er neat ferkeards dien hie, naam it skandaal úteinlik sokke foarmen oan dat er ôftrede moast. Sa einige ek Ryan har tiid as presidintsfrou.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid fêstigen de Nixons harren earst yn Kalifornje en letter yn Nij-Jersey. Yn 1976 krige Ryan in oerhaal dy't har alle beweging yn 'e lofterside fan har lichem ûntnaam. Troch yntinsive fysioterapy wist úteinlik wer hielendal op te betterjen, al sei se sels dat dat it dreechste wie dat se ea út 'e wei set hie. Nei noch in oerhaal, yn 1983, en twa opienfolgjende ûntstekkings oan 'e luchtwegen, yn 1984, rekke Ryan lykwols foargoed yn 'e minnichte. Sykheljen waard foar har in pynlike put, en se ferskynde noch mar komselden yn it iepenbier. Yn 1992 waard by har longkanker fêststeld. Pat Ryan Nixon stoar thús, yn har hûs yn Park Ridge (Nij-Jersey), op 22 juny 1993, yn 'e âlderdom fan 81 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.