Springe nei ynhâld

Klaas Aartsma

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 okt 2020 om 17.57 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Klaas Aartsma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Klaas Aart Aartsma Asn.
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 maart 1838
berteplak Berltsum (Fryslân)
stoarn 12 novimber 1874
stjerplak Berltsum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk, Biltsk
sjenre toaniel
perioade 2e helte 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
It Tsjiende Gebot
It Huushemelen
In Buike oan de Houlikshimmel
jierren aktyf 18571874
offisjele webside
n.f.t.

Klaas Aartsma (folút: Klaas Aart Aartsma Asn.; Berltsum, 4 maart 1838 – dêre, 12 novimber 1874), wie in Frysk muzykûnderwizer en toanielskriuwer.

Aartsma wie in grut foarstanner fan it Fryske folkstoaniel en brocht benammen yn Menaam mei Hermanus Alma en S. Sybouts it selskip Nut en Genoegen ta grutte bloei. Hy skreau neist bydragen yn ferskate Fryske jierboekjes en tydskriften ek in pear toanielstikken. Gerben Colmjon dichte op syn houlik in boaskrym yn it jierboekje Swanneblommen (1866). Aartsma syn soan Aart Aartsma wie letter haadredakteur fan De Hepkema.

  • 1857 – Spiksplinternije Festeljounskrante
  • 1857 – Lokwinsk oan Alle Yet Libjende Minsken, Det it Mei de 13 Juny Goed Utpakt Is
  • 1862 – It Tsjiende Gebot, of: Sa Komme de Slînders to Pas (blijspul)
  • 1865 – It Huushemelen: En Gesprek in de Biltael Beskreven (yn it Biltsk; yn 1988 bewurke en werútjûn troch Sytse Hotzes Buwalda as: 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal)
  • 1873 – In Buike oan de Houlikshimmel, of: Wer Twa Kibje, Ha Meastal Beide Skuld (blijspul)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: